Gemeente Ljouwert nimt maatregels foar flearmûzen yn WTC-gebiet

© Shutterstock
De gemeente Ljouwert moat fan de provinsje gau mei oplossingen komme foar de fleanrûtes foar flearmûzen by it WTC-gebiet. Dy ferdwûnen nei't yn maart beammen kapt waarden om plak te meitsjen foar nijbou fan it Cambuurstadion.
"Net alle fleanrûtes binne fernield, want it docht bliken dat der noch wol flearmûzen yn it gebiet binne", seit Ynze Haitsma, projektlieder fan de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet.
Nei it kappen fan de beammen hat de gemeente nije beammen plante by de Harlingertrekvaart. Dat gie om beammen dy't doe beskikber wienen, no moatte der stevigere eksimplaren komme. Ek moat de gemeente oare maatregels nimme.
"Dat ha we earder net dien om earst te sjen oft der noch flearmûzen wêze soenen, mar no sille we dat oanpakke. Der komt oare ferljochting en in ôfskerming tusken it parkearterrein en it wetter by de Elfstedenhal." De oanpassingen wurde sa gau mooglik dien.
De gemeente seit leard te hawwen fan de flater. "Tenei sille alle belutsenen by soks as beammekap behelle wurde, lykas fergunningferlieners en ekologen. En dat we op it plak in lêste check dogge."
Ynze Haitsma