Frijwilligers bouwe nije kantine by fuotbalferiening Heech

It wurk oan de kantine © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Fuotbalferiening V.V. Heeg krijt in nije kantine. Nei't de leden en de gemeente akkoart wiene, koe it wurk in pear moannen lyn begjinne. Der waard in tydlike kantine pleatst, sa't de âlde sloopt wurde koe.
Yn de nije kantine komme ek in bestjoerskeamer, keuken en opslachromte. Foar de bou is mear as 75.000 euro ophelle troch de klup.
"It giet harstikke bêst", seit Joris Wijnja, foarsitter fan de fuotbalklup yn Heech. "Us alderearste plan koe spitigernôch net trochgean. Dat hie alles te krijen mei de hegere boukosten en corona. Dêrmei koene we wer werom nei de tekentafel en doe hat Pieter in nij plan yntsjinne. Dat is wol helber foar ús as klup."

Frijwilligers

By de bou helpe in soad frijwilligers mei. "Dêr binne we tige wiis mei. Dat is ek wol hiel bysûnder. En oars koe it ek net, dan hellen we it net mei ús begrutting, dan wurdt it foar ús wol wat in ûnhelbere kaart." De frijwilligers binne in protte op jûntiid en yn it wykein oan it wurk.
V.V. Heeg kin alle stipe brûke, dus de boukommisje ropt frijwilligers op om mei te helpen. Benammen foar it timmer- en ynstallaasjewurk binne noch ekstra hannen nedich.

Klear foar kommend seizoen

De ferbouwing is fan start gien op 22 augustus, mar der wurdt al folle langer oan it plan wurke. "Mei de tariedingen binne we al trije, fjouwer jier dwaande", seit Wijnja. "Wy ha in planning fan 40 wiken, dus eins kommend fuotbalseizoen moat it klear wêze."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers seach yn Heech
De kantine ferbouwe is in hiele opjefte, seit projektlieder Pieter Jukema. Hy is de arsjitekt fan de nije kantine. "Wy prate oer 200 kante meter. Der moat in soad nij materiaal ynbrocht wurde en dat is gewoan in hiel soad wurk."
De feriening bestiet oer njoggen jier hûndert jier. "Salang wolle wy der net oer dwaan, wy moatte der wol wat gong yn sette."

Foar de mienskip

De kantine hat ek in sosjale funksje. "Wy dogge it ek foar it doarp, foar de mienskip. Elke sneon binne hjir miskien wol fyftich of hûndert minsken dy't lâns komme, even in sosjaal praatsje dogge. Dêr moatte je wat in fêst honk foar ha. Dat minsken sizze: wy gean graach nei in nij klupgebou."