Inkeld biologyske ierappels yn winkel is in útdaging, fynt bouboer Teun de Jong

De Jong op syn ierappellân oan de Aldebildtdyk
© Omrop Fryslân
Supermerken en kwekers stappe oer op nije rassen biologyske ierappels dy't better resistint wêze moatte tsjin sykten. Binnen fiif jier wolle de supermerken inkeld biologyske ierappels ferkeapje.
Neffens brânsorganisaasje Bionext tekenje 31 partijen, wêrûnder de supermerken en kweekbedriuwen, woansdei in konvenant dat dit mooglik meitsje moat. Mar biologyske boeren rinne op it stuit 30 oant 50 prosint opbringst mis om't se gjin bestridingsmiddels brûke.
Oer fiif jier inkeld biologyske ierpels ferkeapje is in loflik stribjen. Dat fynt Teun de Jong fan Sint Anne. Hy is bouboer en foarsitter fan it Nederlânske bûn fan bouboeren (Nederlandse Akkerbouw Vakbond).

Mear kâns op legere opbringst

'Inkeld biologysk' is ek in útdaging. neffens De Jong. De natuer past him hieltyd wer oan by sykten, leit er út. It is eins neat oars as mei corona by minsken. Der is samar wer in nije fariant dy't de ierappelplant oantaast, ek by biologyske ferbou.

'Inkeld biologysk' jildt net foar patat en sjips

De maatregel fan 'inkeld biologysk' jildt allinnich foar de pûden ierappels dy't yn de winkel te keap binne, ferdúdliket De Jong. Mar de measte ierappels wurde ferwurke ta patat, sjips of ierappelsetmoal dat wer ferwurke wurdt yn in soad produkten yn de itensyndustry. En dêr jildt it konvenant net foar.
© Shutterstock.com (Agnes Paredandan)
De Jong: "At je soks ôfprate, dan sou de ais 'inkeld bioloochys' ok gelde motte foor alle ândere eetprodukten in de súppermet, ok die't importeerd worre fan bútten de Europese Uny. Befoorbeeld produkten der't soaja of mais in ferwerkt is. Heel faak binne dat genetys modifiseerde gewassen. Dat wille wij in Europa abslút niet en dan ete wij dat dan dochs op."

Biologyske ferbou hat mear grûn nedich

In fraach dy't dêrmei gearhinget, is oft it lân sa effisjint mooglik brûkt wurde moat. Moatte wy wrâldwiid samin mooglik hektares brûke foar dy acht miljard ierdebewenners, mei plak foar de natuer? Of moatte wy biologysk bouwe wêrtroch't folle mear grûn nedich is. Mooglik moat natuer ta lânbougrûn makke wurde om al dy minsken iten te jaan.
Wij wille gyn gewassenbeskerming en ok folle winkels. Dat strykt niet metnander.
Teun de Jong, bouboer
De Jong: "Wij wille nou twee dingen: fooral in Europa gyn gewassenbeskermingsmiddels brúkke en gyn moderne feredelingsmethoades en wij wille toegelyk ok dat alle dagen de winkels fol lêge. Dat strykt niet metnander."

Tekoarten

As binnen de EU de eask 'inkeld biologysk' foar folle mear produkten jilde sil, dan komme der tekoarten, sa warskôget De Jong.