Drûchte yn Spanje sit skriezen yn it paad

Krekt ploege rysfjilden, ideaal foar skriezen om fretten yn te finen © Jos Hooijmeijer
Skriezen komme yn Spanje hieltyd mear yn de problemen troch it opdrûgjen fan in hiel wichtich pleisterplak. Ut resinte data fan de Belgyske trekfûgelûndersiker Wouter Vansteelant docht bliken dat it tal skriezen dêr no echt ôfnimt.
De betsjutting fan it Nasjonaal Park de Doñana by Sevilla foar trekfûgels stiet al jierren bot ûnder druk trochdat de ierdbeieteelt dêr meastentiids yllegaal safolle wetter brûkt dat it sompegebiet opdrûge is.
De rysfjilden dêr omhinne wiene dêrfoar in alternatyf, mar ek dêr giet it mis, sa seit Vansteelant: "Die staan de laatste twee jaar ook steeds vaker droog. Er is gewoon te weinig regenval en te weinig inkomend rivierwater om überhaupt aan de rijstteelt te beginnen waardoor er dit jaar maar dertig procent van de rijstvelden is ingezaaid. En je ziet dat de grutto's daar heel sterk op reageren."

"Ooit Europa's grootste wetland"

Dat binne fûgels dy't yn Fryslân in stjoerderke meikrigen hawwe. Vansteelant: "Waar het op lijkt in onze gegevens is dat er relatief gezien minder grutto's uit Nederland gebruik hebben gemaakt van de Doñana dit najaar. En dat de grutto's die er zijn zich ophouden in een paar hele kleine natte plekjes die overblijven in wat ooit Europa's grootste wetland was."
Trekfûgels hawwe dit soarte fan plakken nedich om wat by te kommen troch de rêsten en te fretten. Alternativen binne der net of stean ek ûnder druk.