Súdwest-Fryslân wol in nij pân foar kultuerhûs Klameare bouwe yn Warkum

Kultuerhús Klameare © Súdwest-Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân wol in nije Klameare bouwe yn Warkum. It kolleezje freget de gemeenteried om akkoart te gean mei de bou fan it gebou dat op it plak fan basisskoalle De Pipegaal komme moat.
Kultuerhûs de Klameare siet sûnt it foarjier fan 2016 yn it eardere gemeentehûs fan Nijefurd. It pân waard ferboud, mar de akkommodaasje foldie net oan de ferwachtings. It wie dêrtroch net mooglik om it kultuerhûs op in finansjeel sûne wize te eksploitearjen.

Eksploitaasjetekoart

De gemeente moast dêrtroch byspringe om foar te kommen dat it kultuerhûs ticht moast. Op de nije lokaasje wolle de gemeente en de stichting kultuerhús Klameare harren ynspanne om it eksploitaasjetekoart werom te bringen nei 150.000 euro yn it jier.
Foar no wol de gemeente garant stean foar it begrutte tekoart fan 198.000 euro. It kolleezje freget de ried om dêrmei akkoart te gean.
"Fansels steane wy tegearre, gemeente en bestjoer fan de Klameare, foar in útdaging", jout wethâlder Bauke Dam fan de gemeente Súdwest-Fryslân ta. It is no ek oan Warkum om sjen te litten dat de stêd grut ferlet hat fan dit nije gebou en in nij begjin."
De nijbou moat yn 2025 klear wêze. Njonken de Klameare ferhuzet de biblioteek ek mei.