Helpaksje foar eigeneresse maneezje dy't yn flammen opgie yn Ie

Marije Talma by de útbaarnde maneezje © RTV NOF
In dei nei de grutte brân op de maneezje fan Marije Talma yn Ie komt de help fan alle kanten. Der is in crowdfunding opset foar de weropbou fan de loads dêr't de brân wie en der wurdt folop hynsteguod donearre. Hertferwaarmjend, fynt Talma.
"Ik hie krekt ien oan de telefoan dy't de kofferbak fol hie, dus der wurdt aardich wat ynlevere", seit de 22-jierrige Talma. "It is echt hiel moai te sjen dat elts helpt."
Der rekke net ien ferwûne by de brân. Alle hynders wiene al yn it lân. By de brân tiisdeitemoarn stie Talma foaral yn oerlibbingsstân, mar no komt de echte klap. "Justerjûn hie ik it der in soad oer, mar dan giest op bêd en dan begjint nei te tinken. Ik hie hope hiel goed sliepe te kinnen, mar ik wie frij betiid wekker."
Helpaksje foar eigeneresse maneezje
Talma kaam woansdeitemiddei werom nei har loads oan de Sânewei om de skea op te nimmen. Dy hie se koartlyn mei har âlden kocht. Se hie grutte plannen foar it pân: in eigen deibesteging.
Begjin oktober wie de feestlike iepening. Pynlik tafal: heit en mem Talma makken yn de jierren '90 ek in brân mei op harren pleats. Talma har mem wie doe ek 22. Sy wit dus presys wat har dochter trochmakket.

Oarsaak noch net bekend

Sûnt de brân komt der in soad op Talma ôf. Har telefoan stiet net stil. Der wurdt folop ûndersyk dien: nei de oarsaak fan de brân bliuwt it noch gisjen. Mar de help dy't fan alle kanten komt, docht Talma goed.
"Ik wol echt wer fierder. Ik hie einliks myn eigen plakje. Dat wol ik wol echt wer werom", fertelt se.