Fiskkotter rint fol mei wetter op Waadsee, KNRM lost situaasje op

In boat fan de KNRM fan Skiermûntseach © ANP
De KNRM hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in fiskkotter dy't yn de problemen rekke op de Waadsee rêden. Der rûn wetter yn it skip, meldt RTV Noord.
De kotter stjoerde oan it begjin fan de jûn in needsinjaal út, wêrnei't trije rêdingsboaten fan de KNRM mei yn totaal fyftjin rêders yn aksje kamen. De rêdingsboaten krigen dêrby help fan in helikopter fan de Kustwacht.
Mei pompen waard it wetter út it rom fan it skip helle. Uteinlik die bliken dat it wetter de kotter yn kaam troch in stikkene ôfsluter. Nei't dat probleem oplost wie, hat in sleepboat de kotter nei djipper wetter brocht. It skip fear dêrnei op eigen krêft nei de haven fan Lauwerseach.