Thúswenjende jongeren telle net mear mei foar útkearing meibewenners yn Súdwest-Fryslân

In man siket jild yn de beurs © ANP
Jongeren fan 21 oant 27 jier telle yn de gemeente Súdwest-Fryslân net mear mei foar de útkearing fan harren meibewenners. De regeling giet mei weromwurkjende krêft fan 1 july 2022 ôf yn.
De gemeente hat dy maatregel naam om't jongeren troch de wenningneed hieltyd langer by harren âlden wenjen bliuwe. Yn de âlde situaasje waard de útkearing fan minsken leger as der ek noch oare folwoeksenen yn harren hûs wenje.

"Verlichting in benarde situatie"

No't it deistich libben in stik djoerder wurden is, kinne âlden it somtiden net lije om harren folwoeksen bern yn hûs te hawwen. Súdwest-Fryslân past dêrom de regel oan. Fan 1 july 2022 ôf telle folwoeksenen fan 21 oant 27 jier net mear mei as 'kostendeler' foar de bystânsútkearing fan in oar.
"De problemen op de woningmarkt zorgen ervoor dat jongeren vaak het huis niet uit kunnen, hoe graag ze dat ook willen. Door de regels aan te passen van de kostendelersnorm zorgt dat bij een aantal huishoudens in onze gemeente voor enige verlichting in deze benarde situatie", leit wethâlder Marianne Poelman út.

Bern út hûs set

De regeling sa as dy no is soarget neffens de wethâlder foar skrinende situaasjes. "In schaarste kun je soms gekke keuzes maken", seit Poelman. "Je kunt het je misschien niet voorstellen, maar er zijn ouders die de keuze maken om de jongeren eruit te zetten. Maar de woningen zijn er niet."
It giet yn de gemeente yn totaal om 73 húshâldingen dy't mei dizze oanpassing holpen wurden.

Kabinet wol ek oanpassing

It kabinet is ek fan doel om in soartgelikense maatregel te nimmen, mar de wetswiziging soe pas fan 1 jannewaris 2023 ôf trochfierd wurde kinne.