Omride of it pontsje: Terherne moat dizze wiken efkes troch de soere appel hinne

De Sânsleatbrêge by Terherne, krekt foar de renovaasje © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De Sânsleatbrêge by Terherne is tongersdei foar it lêst iepen foar autoferkear. Oant 19 desimber wurdt der bot wurke oan de brêge benoarden it doarp en dat betsjut dat auto's in flink ein om moatte.
De brêge moast al in skoft opknapt wurde en dêr is de provinsje ein augustus mei úteinset. It is in grutte renovaasje: de stielkonstruksjes wurde ferstevige, de beweechbere dielen wurde ferfongen, de elektryske ynstallaasje oanpast, betonskea opknapt, de dyk oanpast en der komme slachbomen om de dyk feiliger te meitsjen.
De ûnderdielen fan de stielkonstruksje wurde aanst fan de wurkpleats yn Sumar wer nei Terherne brocht om fan freed ôf wer werompleatst te wurden. Op de lokaasje sels is ôfrûne tiid wurke oan in nije elektrotechnyske ynstallaasje.

Fearpont

De kommende wiken fynt der in soad wurk plak. Der is in needbrêge foar fytsers en kuierders en as ek dy net beskikber is, dan is der in spesjale fearpont dy't har nei de oare kant fan it wetter bringe kin, tusken de Tichtset en Jachthaven Oksewiel.

Om fia De Jouwer en It Hearrenfean

Auto's kinne de kommende tiid gjin gebrûk meitsje fan de brêge. Wa't nei it noarden ta moat, sil dus in omride moatte fia De Jouwer en It Hearrenfean.
"Ast yn Akkrum wurkest is dat fansels in hiel ein om. En foar de minsken dy't yn Ljouwert wurkje jildt itselde", seit Tsjoltsje Roelevink fan Pleatselik Belang Terherne.
Sa wurdt it ferkear omlaat © Provinsje Fryslân
"Yn dizze tsjustere dagen sa betiid fan bêd, dêr binne wy net sa fan sjarmearre", laket sy. Al kin it pontsje dêr ek yn foarsjen, want Roelevink sil har auto sels oan de oare kant fan de Nije Sânsleat delsette. Mei it pontsje nei de auto kostet minder tiid as it hiele ein omride.
"Der binne fansels in soad minsken dy't har wurk net yn Terherne hawwe en dy't fia de Sânsleatbrêge nei it wurk gean", seit sy.

'Eilân' Terherne moat it der mei dwaan

Yn de tarieding hat it Pleatslik Belang oerlein mei de provinsje en de gemeente oer de ferkearsmaatregels en de kommunikaasje, om de renovaasje sa goed mooglik ferrinne te litten.
De Buorren yn Terherne © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De kommende wiken moat Terherne it der mar efkes mei dwaan. "Sy dogge har bêst. Wy hawwe de lúkse dat wy op in eilân wenje, oan de noard- en súdkant hawwe wy brêgen. Sa lang't ik yn Terherne wenje haw ik noch nea meimakke dat de brêgen der folslein út leine. Wy moatte efkes troch de soere appel hinne."
Der is foar eltse wike in planning makke. Wa't witte wol wannear't de brêge tagonklik is foar auto's, fytsers, kuierders en de skipfeart, of wannear't it pontsje fart en bussen ride, kin terjochte op in spesjale side fan de provinsje. De hoop is dat it wurk 19 desimber klear is.