Anne Feddema

Jochem Hamstra: Bringer fan tsjuster ljocht

logo.ensafh

Yn in petear mei Gitte Brugman yn de LC 21-10-2022 seit Jochum Hamstra dat er no dwaande is mei skilderijen mei in lânskiplik útgongspunt.
Dêr wachtsje ik op. Iderien dy’t fan earlike, treflike skilderkeunst hâldt moat ûnderwilens Hamstra syn nijste útstallingen sjen. Jochem is gewoanwei ien fan ’e grutste Fryske skildertalinten fan ’e lêste fyftich jier.

Wêr is Hamstra te sjen? Museum Belvédère Hearrefean oant en mei 29 jannewaris 2023 en yn Galerie Alta Bosca op ’e Gerdyk oant en mei 4 desimber.

As jim de wurken fan Jochum Hamstra yn it echt sjoen hawwe, soene jim dizze skôging mei myn kommintaar by guon skilderijen lêze kinne.
Ik jou grif ta, dat wat ik mei jimme diele wol in soad, sa net alles, te krijen hat mei myn eigen, suver autistyske, preokkupearre beropsdeformaasje, lit dat fêst ta jim trochkringe.
Ik sil yn dit stik dan ek benammen aktearje as skilder dy’t in tentoanstelling besocht hat en dêr in dialooch mei oangiet.

Yn ’e monografy ( s. 22 ) dy’t by de útstalling ferskynd is, seit Jochem Hamstra: ‘It soe oer keunst gean moatte en net oer râneferskynsels.’ Dat is perfoarst wier, allinne yn dat sizzen leit romte foar in fraach: wat as in râneferskynsel faaks in haadsaak is of wurdt? En is dat slim? Wat makket it út as de skôger wit wat de oanlieding west hat foar it meitsjen fan in skilderij of oar keunstwurk?
Kinne je tsjintwurdich noch frij en mei Bremmeriaanske eagen sjen, folslein opgeand yn in sabeare autonome keunstutering?

De achte lêzer sil sels it ynternet op moatte en fansels de útstalling yn it Museum Belvédère besykje om my, fisueel in bytsje te folgjen.
By de nammen fan skilders, libben en dea, set ik gjin berte en stjerdata, de skilderijen fan keunsters sil ik neame as se te finen binne op it hillige net. Ik haw alle betrouwen yn jimme eigen fermogen om saken yn in nij, oar ljocht te sjen en yn in goed perspektyf te krijen en dat hoecht fansels net, leaver net, myn wize fan sjen en ûnderfining te wêzen. Ik bin no ienris gjin H. P. Bremmer … Ja, no begjinne dus!

Hokker skilders, terjochte of net terjochte, mien ik sels te werkennen yn it wurk fan Jochem Hamstra?
Dat hoecht net allinne in direkt byld of skilderij fan dy skilders te wêzen mar kin ek slaan op hoe’t hja tinke oer romte of hoe’t sy har wer ferhâlde ta oare keunstners.

Wat al opfalt yn ’e perfekt foarmjûne útstalling is dat it lânskip in frijwat, ûnderhearrige rol spilet ( yn ’e monografy noch mear te sjen as yn it museum ).
Allinne it skilderij ‘Fiver‘ is eins as sadanich te beskôgjen mar wykt behoarlik ôf fan it oare wurk dat der yn Belvédère hinget … It gekke is dat … hoe abstrakter it wurk fan Hamstra wurdt hoe mear nammen fan oare skilders har opkringe. By ‘Fiver’ (kat. s. 38 ) moast ik tinke oan (Luxe, calme et volupté) in ier skilderij fan Matisse, skildere ûnder ynfloed fan it wurk fan Cézanne. It is ek it iennige wurk dêr’t de ferve op it doek in rynske en hast geile útstrieling hat en útnûgjend freget om der in lekker hufke út te nimmen. Goederjousk wol Hamstra net wêze, gauris liket it derop oft hy syn stjonkende bêst docht om syn wurk mei in flinke wan bruien nei op ’e wrâld te traapjen.
De rige skilderijen ‘Stadsfragmenten’, makke nei oanlieding fan lange strúntochten troch syn wenplak Grins, binne faaks de meast abstrakte wurken ( oant de meast resinte Inkarnaasje skilderijen) dy’t op’e tentoanstelling te finen binne. Mar wat is abstrakt? Net sjen kinne wat it is? It wurk is gearstald út ferskate komponinten út ’e deistige realiteit fan in stêd, wat hat de skilder sjoen oan foarmen en kleuren? As taskôger rinne je mei de skilder mei, de hoeke om, oerstekke … hee … dêr leit wat nijsgjirrichs op ’e strjitte … meinimme foar op it atelier. It binne tige libbene skilderijen mei in eigen sfear, dy’t lykwols perfoarst yn ’e keunsthistoaryske tradysje te pleatsen binne, alsa kinne je se ek yn ferbân bringe mei oare keunstners dy’t sa wurken. Yn alle gefallen ûntkomme je der net oan om Kurt Schwitters efkes te neamen, dat ik dan ek doch, want syn namme komt nearne foar yn ’e tekst fan ’e katalogus. Allinne as in keunstner syn helden (gauris ynfloeden) neamt yn petearen mei sjoernalisten of skriuwers of faaks oare keunstners leit it oars, mar in grutte swierrichheid is dat it fisuele ûnthâld en it fermogen om dat assosjatyf yn te setten om ferbinende eleminten yn wurk fan keunstners ûntdekke te kinnen én dit helder te meitsjen foar it publyk tsjintwurdich hast folslein ûntbrekt (noch slimmer … by in soad jonge, hjoeddeistge keunstners ék).
Wêrom Kurt Schwitters? Ik sjoch yn ’e seary ‘Stadsfragmenten‘ benammen: rekonstruearre, heldere, suver allegoaryske bylden fan wat de kuierjende keunstner allegear sjoen en tocht hat, rinnend troch de Grinzer gloppen en stegen. Kurt Schwitters wie ek in keunstner dy’t serendipiteit as in fisueel wapen ynsette. Je rinne mar wat om, sykje neat mar fine altyd wol wat dat je brûke kinne … of better sein mei in holistyske knypeach: it fynt dy!
Yn guon wurken op ’e útstalling, benammen yn de selsportretten en skilderijen dêr’t je figuren op tsjinkomme, kinne je wat romtlike foarmjouwing oangiet tinke oan de skilderkeunstige opfettings fan Amearikaanske skilders as Richard Diebenkorn en sels Fairfield Potter en Milton Avery … opsykje en ferglykje op’e tentoanstelling … Mona Lisa Smiley … grapke heart derby, no?
By de rige skilderijen ‘Het mooie leven’ moast ik yn it foarste plak tinke oan ’e ‘Pinturas Negras‘ fan Goya, skildere op ’e muorren fan it hûs fan ’e dôve man … Quinta del sordo. Allinne makke foar de eagen fan ’e skilder sels, dy’t yn dy tiid folslein dôf wurden wie, lykas de eardere bewenner fan it hûs, dat dy namme dus al hie.
Der leit in tsjustere gloede oer de skilderijen makke op basis fan foto’s út famyljealbums. Dat binne oer it generaal tige mânske doeken, as woe de skilder de lytse swartwytfotookes mei famyljehistoarje in twadde mar eins in earste libben meijaan. By eintsjebeslút gean de skilderijen, sa as it heart fyn ik, oer ljocht en donker, foarm en romte en it narrative útgongspunt moatte wy yn dit gefal mar net meinimme … it giet om hoe’t eat skildere is en net wêrom en wat…ek al sille in hiel soad minsken, – is har goed rjocht – hjir fan alles tsjinyn bringe wolle.
It kin nammers noch tsjusterder sa as bliken docht as wy it nijste wurk fan Jochem Hamstra sjogge, ‘Incarnatie’. De letterlike betsjutting fan ‘ynkarnaasje’ is: fleis wurden. Is Hamstra hjir sels in personifikaasjeynkarnaasje wurden? … Dy’t as in Viktor Frankenstein of in hjoeddeistige Prometheus nij libben skeppe wol út biten en brokken ferve … ferve dy’t, sa liket it alteast, troch him yn libben hâlden wurdt om dêrnei fierder op troch te arbeidzjen.
Sels neamt de keunstner de skilder Francis Bacon as in ynspiraasjeboarne foar dizze wurken … en yndie is op ien fan ’e skilderijen (net yn ’e katalogus), as je hiel goed sjogge, de stúdzje fan Bacon nei it portret fan paus Innocentius X fan Velasquez te werkennen … mar dat sil foar de statistysk sân sekonden per skilderij nimmende sjogger net in ienfâldige opjefte wêze.
Oare skilders dy’t ik sels mien tsjin te kommen binne: Willem de Kooning en benammen Leon Kossoff … krekt in bytsje ‘smoarger’ as de Ingelske skilders dy’t Hamstra sels neamt: te witten Lucian Freud en Frank Auerbach. It meitsjen fan dizze skilderijen hat in aventoerlike en tige dappere ûndernimming west…wat je jesels wol ôffreegje as dochs in wat eamelsarkastskilder … Hoe fierder? Hokker kant moatte je yn ’e goedichheid op nei’t je dit wurk makke hawwe?
Aldergeloks is yn dit gefal … de flok fan Gerhard Richter in útkomst. Wat abstrakt? Wat figuratyf? … Kin allegear.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *