Fryske bern it minst gelokkich: 16,2 persint jout it libben in ûnfoldwaande

© Shutterstock.com (patat)
Fryske bern binne it minst gelokkich fan alle bern yn ús lân. Sy jouwe it libben yn trochsneed in 7,2 as rapportsifer, sa docht bliken út in ûndersyk fan de Kinderombudsman. 16,2 persint jout it libben in ûnfoldwaande.
It giet om in ûndersyk dat eltse twa jier yn alle provinsjes holden wurdt ûnder bern tusken de 8 en de 18 jier. Foar it ûndersyk fan de organisaasje fan de Kinderombudsman is in fragelist foarlein oan mear as 2.300 bern.
De measte Fryske bern binne gelokkich, mar sy binne yn trochsneed dus wol minder gelokkich as yn oare provinsjes. Opfallend is dat folwoeksenen yn Fryslân just it meast gelokkich en tefreden binne, sa die earder út CBS-ûndersyk bliken.
Yn trochsneed jouwe bern yn Nederlân har libben in 7,7, mar der sitte wol ferskillen tusken de provinsjes. Drintske bern binne it meast posityf oer har libben, sy jouwe it in 8,1. Dochs jout goed 13 persint fan de Nederlânske bern in rapportsifer fan 5 of minder oan har libben.

Goed 16 persint ûnfoldwaande

Yn Fryslân jout 16,2 persint fan de bern in ûnfoldwaande oan it libben (it trochsneed fan dy ûnfolwaanden is in 3,2). Ut de fragelist docht bliken dat Fryske bern te lijen hawwe fan bysûnder folle kwetsberheden yn benammen de thússituaasje.
De Kinderombudsman hat in top 4 makke fan de kwetsbere situaasjes yn Fryslân. Dêrút docht bliken: 19,3 persint fan de bern hat rûzje thús, 15,6 persint fan de bern krijt jongerein- of GGZ-help, 14,7 persint hat âlden dy't útinoar binne en dy't net goed mei inoar omgeane en 11,9 persint hat net in soad jild thús.
© Shutterstock.com (Kalfa)
De helte fan de bern dy't in ûnfoldwaande jouwe, hat problemen mei de oandacht en ynteresse fan âlden, wissichheid yn it libben, en skoalle en it besteegjen fan de frije tiid.

Soargen

Fryske bern binne minder tefreden oer freonen, skoalle en frije tiid en de help fan folwoeksenen. Sy meitsje har soargen oer de oarloch yn Oekraïne en it klimaat.
Foar Fryslân, Grinslân en Limburch jildt dat der mear bern wenje dy't problemen ûnderfine troch earmoed of rûzje as yn oare provinsjes. Somtiden wurdt dêr sels by slein of skopt, sa skriuwt de Kinderombudsman.
Dizze bern hawwe ek faker âlden mei psychyske problemen of sy hawwe te lijen fan sykte of eigen psychyske problemen. Troch dizze problemen jouwe bern har libben in leger rapportsifer.
© Shutterstock.com (fizkes)
Earmoed hat ek gefolgen foar bern, op in oare wize as by bern dy't bygelyks yn de Rânestêd opgroeie. Soks hat wjerslach op de leefomjouwing: bygelyks yn oft der in soad of just te min romte om te boartsjen is.

Dit fine Fryske bern wichtich

Fryske bern fine it wichtich dat eltsenien der by heart, ynspraak hat en him feilich fielt. Dizze tema's seach de organisaasje yn de eardere jierren minder en se wurde no benammen troch Fryske bern neamd.
Dêrnjonken fine sy ek ynspraak ek ynklusiviteit wichtich. Neffens de Kinderombudsman hinget dat mooglik gear mei de problemen dy't yn har libben spylje. Fryslân hat it heechste persintaazje bern dat problemen yn de thússituaasje ûnderfynt en dat jongereinhelp krijt.
Bern yn Fryslân jouwe it faakst oan mear kontakt te wollen mei bern fan deselde leeftiid. Op skoalle is it net altyd noflik, sizze sy.

Bern mei in flechtferline

Foar in part hingje de problemen ek gear mei in flechtferline fan bern en húshâldingen. By dizze famyljes is it goed foar te stellen dat der trauma's by âlden of bern foarkomme. Ek komme dizze minsken mooglik dreger oan wurk, hawwe se minder jild om hannen en is der dêrtroch ek mear stress en rûzje.
Bern by de needopfang yn it WTC yn Ljouwert (argyffoto) © LEO Middelsé
Problemen yn de opfang fan asylsikers en de húsfêsting fan statushâlders spylje ek yn Fryslân, stelt de Kinderombudsman fêst. De organisaasje neamt ek de needopfang yn Ljouwert, dêr't al lange tiid problemen binne.

Bern sykje oplossingen by harsels

De organisaasje fan de Kinderombudsman fynt it soarchlik dat bern de oplossing fan in soad problemen by harsels sykje. Sy fine dat sy har eigen gedrach en gefoel ferbetterje moatte. De Kinderombudsman tinkt dat dit komt om't se minder betrouwen hawwe yn folwoeksenen.
Kinderombudsvrouw Margrite Kalverboer © ANP
"Natuurlijk vind ik het mooi dat de meeste kinderen tevreden zijn over hun leven. Ondanks alle grote problemen die in de wereld spelen en waar zij zich zorgen over maken. Tegelijkertijd vind ik het erg zorgelijk dat het welzijn van kinderen lijkt af te hangen van de plek waar zij opgroeien", sa seit Kinderombudsvrouw Margrite Kalverboer.
"Kinderen verdienen gelijkheid, in perspectief en in ontwikkelkansen", fynt sy. De oplossingen foar de noed siket Kalverboer benammen by gemeenten.
Gemeenten binne sûnt de desintralisaasje fan allerhanne taken foar in grut part ferantwurdlik foar it wolwêzen en de ûnwikkeling fan bern. Kalverboer hopet dat gemeenten efterhelje wêr't de knyppunten lizze en dêr yn regeljouwing rekken mei hâlde.
Margrite Kalverboer
Fryslân, Grinslân en Limburch springe der op in negative wize út. "Dat zijn provincies aan de randen van de samenleving. Dat speelt ook mee, er is best veel ongelijkheid."
Foar bern en âlden hat Kalverboer noch wol in tip: "Praat, praat met iemand die je vertrouwt. Dat kan je oom of tante zijn, of iemand op school. Maar alleen het benoemen lucht al op. Je hoeft je er niet voor te schamen. En ouders: schaam je niet voor armoede, want daar kun je niets aan doen en je hebt gewoon recht op hulp."