Ompiele mei motoaren en fytsen: soarchsloperij jout minsken twadde kâns

De iepening fan soarchsloperij De Kans © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In twadde kâns foar de soarchynstelling Motozorg yn Ljouwert. Op dat plak kinnen minsken dy't eins gjin kâns ha op de arbeidsmerk - om't se in handicap ha - sleutelje oan motoaren of fytsen. It is no oernaam troch soarchsloperij De Kans.
By De Kans is plak foar sa'n 20 oant 25 kliïnten. De groep dy't dêr komt kriget in oplieding en de hoop is dat se trochstreame nei in gewoane baan. Neffens Willem Vis fan De Kans is dat net in doel op himsels: "Sommigen stromen wel door, anderen blijven hier en krijgen begeleiding. Die blijven we helpen."
It driigjende fallisemint wie problematysk foar de kliïnten. Dy drigen dêrtroch op strjitte te bedarjen, benammen om't foar dizze groep net maklik opfang te finen is. Vis: "De kans is dan dat een deel van deze mensen op straat gaan hangen en daar gaan schooien om geld bijvoorbeeld. Nu geven wij ze een doel, voelen ze dat ze nuttig bezig zijn."
Yn Ljouwert is tongersdei in 'soarchsloperij' iepene
By de soarchsloperij kinne minsken wurkje oan motoaren, mar ek oan scooters en fytsen. Se kinne der fan alles mei dwaan, seit eigener Svetlana Akolzina. "Ze kunnen ook iets lassen of met hout aan de slag. Molens maken of wat dan ook. We proberen ze hier gewoon thuis te laten zijn."
Ien fan de minsken dy't him der thús fielt is Freddy de Lange. Hy docht in laskoplieding: "Het is hier echt leuk. Ik voel mij ook nuttig en het houdt mij van de straat."