Gemeente wol grûnwurk Easthim earder om faasje efter huzebou te setten

Easthim © Shutterstock.com (Steve Photography)
It kolleezje fan Súdwest-Fryslân stelt foar om it grûnwurk foar de bou fan 20 nije huzen yn Easthim al te dwaan, wylst de proseduere fan it bestimmingsplan noch rint. Dat kin neffens it kolleezje foardielen hawwe.
It idee is dat de grûn yn it briedseizoen ynklinke kin, as it grûnwurk dêrfoar al dien is. Toch al foar it briedseizoen yn maart te begjinnen mei it graven, sit dat de fûgels net yn 'e wei en wurdt de tiid ek nochris benut as 'settingsperioade' foar de grûn.
Mei dizze maatregel soe de bou in jier fersneld wurde kinne. Oft it foarstel it echt hellet, moat yn desimber dúdlik wurde. De ferwachting is dat de huzen fan 2024 ôf echt boud wurde kinne.