Lân ûnder wetter sette foar hûzen: Súdwest-Fryslân sjocht oplossing foar wenningkrisis

De Tsjerkesleat yn Heech © Gemeente Súdwest-Fryslân
Lân ûnderstrûpe litte om romte te meitsjen foar wetterwenningen kin in oplossing wêze foar de wenningkrisis. Dat seit gemeente Súdwest-Fryslân, dy't ûndersyk dwaan wol nei de helberheid fan wenjen op it wetter.
De gemeente hat dêr de Tsjerkesleat yn Heech foar op it each. Dat is in sompich stik polderlân yn eigendom fan de gemeente.

Betelber wenjen

Om it terrein op te heegjen en bouryp te meitsjen foar tradisjonele wenningbou, kostet in soad jild. Dêrom wurdt besjoen oft it polderlân ûnder wetter set wurde kin foar wetterwenningen sûnder rioelearring en liedingen.
"Betaalbaar wonen zou daar heel moeilijk zijn", seit wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân. "Dus toen hadden wij als gemeente zoiets van: waarom zetten we het niet onder water?"

Foar starters en jongeren

Wenten dy't der realisearre wurde kinne, binne neffens Rietman wenarken, tiny houses en driuwende wenningen. De gemeente wol foaral ynsette op wenten foar starters en jongeren.
Der is earder berekkene dat der tritich oant sechtich wenningen komme kinne, seit Rietman. "En laat dat eens hetzelfde zijn voor de woonarken." Ut it ûndersyk kin ek nei foaren komme dat der mear wenienheden pleatst wurde kinne.
De gemeenteried beslút ynkoarten oft der jild beskikber komt foar it ûndersyk.