Waadfûns stekt jild yn 3D-printe sloep makke fan plestik op Waadstrannen

It projekt wol benammen plestik brûke dat ynsammele is op de Waadeilannen © ANP
It Waadfûns stekt goed 775.000 euro yn de ûntwikkeling fan in 3D-printe Waadsloep. De sloep foar maksimaal tolve persoanen wurdt makke mei recycle plastik, dat benammen ôfkomstich is fan de Waadstrannen.
Yn totaal kostet de ûntwikkeling fan de sloep, dy't troch de Sloepmakerij yn Wâldsein makke wurdt, sa'n 1,3 miljoen euro. De TU Delft is ek belutsen by it projekt. De bydrage fan it Waadfûns is ôfkomstich út de subsydzjeregeling STUW'22, dy't bedoeld is foar it stimulearjen fan duorsume rekreaasje en toerisme yn it Waadgebiet.
De boat wurdt makke foar oertochten fan lytse groepen of fartochten op de Waadsee. Neffens it Waadfûns leveret de ûntwikkeling fan de sloep in bydrage oan in skjinner Waadgebiet.
"De boot is stiller, maakt geen gebruik van fossiele brandstoffen en veroorzaakt daardoor geen olieverontreiniging. Daarnaast wordt de sloep gemaakt van duurzame gerecyclede materialen. Bovendien zorgt 3D printen ook nog eens voor vermindering van afval bij de productie", sa skriuwt it fûns.