Frysk bedriuwslibben wol oanheakje by ûntwikkeling wetterstof en ferwachtet mear fan provinsje

Ale Procee, direkteur fan masinebedriuw Douna © Omrop Fryslân
It bedriuwslibben yn Fryslân wol graach mear stipe fan de provinsje by de ûntwikkeling fan in wetterstofekonomy. De provinsje is der wol mei dwaande, mar fierder as in tal pilotprojekten is it op dit stuit noch net.
Dat wetterstof yn de net al te fiere takomst in grutte rol spylje sil yn de ekonomy en de enerzjytransysje yn Fryslân is gjin diskusjepunt op in netwurkgearkomste fan it bedriuwslibben, de polityk en it ûnderwiis by it masinebedriuw Douna yn Ljouwert. Oer it tempo en de ynbring fan de provinsje is wól diskusje.
Neffens direkteur Ale Procee fan Douna binne Grins en Drinte der folle mear mei dwaande as Fryslân. "Der binne op dit momint in protte inisjativen op it mêd fan wetterstof. Fryslân soe wat ús oanbelanget wol in wat steviger stap yn 'e wetterstof sette kinne."
Bedriuwslibben Fryslân wol oanheakje by wetterstofûntwikkeling
Gerwin Venema fan de provinsje sjocht dêr wat oars tsjinoan. "Yn Grins rjochtsje se harren op grutte sektoaren as de gemy en sa. Wy dogge hjir ek al hiel wat mei wetterstof, mar dan giet it foaral om lytse pilotprojekten. Tink oan in electrolyser by it sinnepark yn Easterwâlde of it ombouwen fan in skip fan de brune float op wetterstof. Wy steane sa te sizzen graach mei de fuotten yn 'e klaai. Mar we dogge wol fan alles."
Douna is sels ek al oan it eksperimintearjen mei de bou fan in prototype electrolyser. Dat is in apparaat dat stroom mei help fan wetter omset yn wetterstof. It bedriuw soe de stroom fan de eigen sinnepanielen wol omsette wolle yn wetterstof en dan opslaan, mar dêr binne fergunnings fan de provinsje foar nedich. En dy binne net maklik te krijen.
Gerwin Venema © Omrop Fryslân
Venema snapt dat it bedriuwslibben soms ûngeduldich is om de transysje nei wetterstof yn gong te setten. "Dat is ek goed. Mar we moatte fansels wol oppasse: ien ûngelok en de hiele transysje is miskien foarby. It moat wol feilich wêze."
It ûnderwiis spilet ek yn op de enerzjytransysje en de rol dy't wetterstof dêrby spilet. Feriene mei it bedriuwslibben yn it enerzjytransysjesintrum docht de Hanzehogeschool yn Grins der al fan alles oan.
Tjerk Jansma is út namme fan Hanzehogeschool by it enerzjytransysjesintrum belutsen © Omrop Fryslân
"Wy besykje studinten te ferlieden om yn 'e kunde te kommen mei de hiele kompleksiteit fan de enerzjytransysje en ek dy fan wetterstof", seit Tjerk Jansma, dy't út namme fan de hegeskoalle by it enerzjytransysjesintrum belutsen is. "Troch de gearwurking mei it bedriuwslibben slagget dat goed."
Alle partijen binne derfan oertsjûge dat wetterstof de kommende jierren in flinke groei trochmeitsje sil. "Foar ús as MKB is it in útdaging om dêrby oan te sluten", fertelt Hendrik Wijnja, technysk direkteur fan Douna.
Hendrik Wijnja © Omrop Fryslân
Wijnja en Procee sjogge folop mooglikheden om ûnderdielen te meitsjen foar de sektor en ek belutsen te bliuwen by it ûnderhâld.