Oanleunbewenners net mear wolkom by aktiviteiten yn Ljouwerter soarchsintrum

Frou Minkema © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De foarsjenningen fan soarchsintrum De Hofwijck yn Ljouwert binne net mear beskikber foar de bewenners fan de oanleunwenten. De bewenners en famylje binne der bot fan skrokken.
Eigener KwadrantGroep seit dat se gjin jild mear krije om it iepen te stellen foar de âlderein dy't selsstannich wennet. De Hofwijck is fan fersoargingshûs in ferpleechhûs wurden en allinnich de bewenners dêrfan kinne gebrûk meitsje fan de mienskiplike romten.
Oanleunbewenners net mear wolkom by aktiviteiten fan De Hofwijck
"Dat fyn ik spitich foar in soad minsken en ek foar mysels", seit Fokje Minkema-Zijlstra. "Moandeis die ik faak spultsjes, woansdeis gie ik nei de gymnastyk, tongersdeis wie der altyd in gesellige middei mei kabaret, sjongen of knutseljen. Dat is nou allegear fuort. It wurdt dit jier in skrale krysttiid, mar dat wie ek al sa troch corona."
Har soan André Minkema hat in lilke brief skreaun. Syn mem kaam der fjouwer jier lyn te wenjen, krekt omdat der in soad aktiviteiten wienen.
Ik fyn it beskamsum wat hjir bart. Al fjouwer jier wurdt it stadichoan ôfboud.
André Minkema
"Ik fyn it beskamsum wat hjir bart. Al fjouwer jier wurdt it stadichoan ôfboud. Dit stie goed oanskreaun. Alles wie hjir yn de buert. Sy koe hjir nei tsjerke, der wie help as dat nedich is, der wienen spultsjes en allegearre aktiviteiten. Nei in healjier warskôgen se al: it iten kin net mear yn it restaurant. En no is der hielendal niks mear. Ik fyn it echt skandalich."

Jildkwestje

As alternatyf hawwe se oanbean om de mienskiplike romten te hieren. "Dat is wat ik net begryp. It giet altyd om jild", fynt Minkema. "De bewenners krije in brief, dêr't se allegear hast in hertfersakking fan krije. Se besykje hielendal neat."
Frou Minkema en de famylje fine it spitich dat de aktiviteiten ophâlde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Minkema stelde foar: "Freegje al dy bewenners 50 euro en organisearje dan wat. Ik haw yn de brief sein: we hawwe fjouwer jier net oer jild praat, mar we binne hjir yn kaam mei safolle hier. Alles is ôfboud, mar we hawwe net in dûbeltsje weromsjoen. Ik sei: dy hier kin wol nei ûnderen of in skeafergoeding hjirfoar. Want dit is dochs bespotlik."
Frou Minkema en har soan
KwadrantGroep lit witte dat se it betreurje, mar it budzjet fan de gemeente is nei soarchgroep Amaryllis gien. De gemeente seit dat se mei Amaryllis en de bewennerskommisje prate om te sjen oft der noch aktiviteiten mooglik binne foar de âlderein.