Marieke de Boer fan Wâldsein wint de Jonge Ondernemersprijs

Marieke de Boer fan Wâldsein © Jonge Ondernemersprijs
Marieke de Boer fan Wâldsein hat de Jonge Ondernemersprijs fan dit jier wûn. Sy is oprjochter fan IMPACD Boats, in bedriuw dat him dwaande hâldt mei 3D-printe sloepen fan recycele materiaal.
De Jonge Ondernemersprijs is foar ûndernimmers út Fryslân, Grinslân en Drinte. It winnen fan De Boer waard bekend makke mei in finaleshow yn Assen. De sjuery priizge har kar foar duorsumens en ynnovaasje.
Ien fan de oare finalisten wie Buck van der Weerd, fan in Frysk bedriuw yn elektryske fytsen. Winnares Marieke de Boer krijt in masterclass fan 4.000 euro, in advystrajekt fan de NOM en in advertinsjepagina fan Mediahuis.