Wytkweker jout opbringsten op oan belestingtsjinst as ferkochte keunst

© Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)
In âld-ynwenner fan Stiens hat in wurkstraf fan sechstich oeren krigen omdat er in himpplantaazje hie. De man levere de wyt oan in coffeeshop. Dêr hiene se him wiis makke dat de 135 planten dy't er hie gjin problemen opsmite soe, fanwegen it 'gedoogbeleid'.
By de belestingtsjinst hie er de ynkomsten opjûn as keunst dy't er oan de coffeeshop ferkocht hie. Neffens de rjochter hat de man 4.300 euro winst makke mei syn himp. Dat moat er oan de Steat betelje.
De âld-Stienzer fûn sels dat er genôch straf hân hie: nei de ûntdekking fan de wytplantaazje wie er út syn hûs set. Boppedat moast er de yllegaal ôftape stroom werom betelje oan de leveransier.
Hy wie selsstannich ûndernimmer en tocht de coronaperioade oerlibje te kinnen troch wyt te telen. Dêr hie er achterôf spyt fan. "Ik had beter een uitkering aan kunnen vragen", sei er yn de rjochtbank.