Stichting Titus Brandsma Museum werom ûnder de wjukken fan RK-stichting

In ôfbylding fan Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân
Stichting Titus Brandsma Museum Bolsward fusearret ein dit jier mei Stichting Archief- en Documentatiecentrum voor RK Friesland. Nei't it museum sleat, hat de stichting in oare rol krigen.
De stichting foar it Titus Brandsma Museum kaam goed tweintich jier lyn ek fuort út it Archief- en Documentatiecentrum. It waard útinoar lutsen mei as doel om it gedachtegoed fan Brandsma yn in selsstannich museum sjen te litten.

De Tiid

Fan 2012 ôf waard stadichoan tawurke nei in plak yn it úteinlike kultuerhistoarysk sintrum De Tiid. Dêr is ûnder oare in grutte oersjochútstalling te sjen, In het voetspoor van Titus Brandsma. Yn 2020 sleat it Titus Brandsma Museum dêrom de doarren.

Krêften bondelje

Meidat de Stichting Titus Brandsma Museum Bolsward gjin selsstannich museum mear eksploitearre, feroare de rol fan de stichting. Dêrom hat it bestjoer besletten werom te stappen nei it Archief- en Documentatiecentrum, dat ek yn besit it fan it famylje-argyf fan Brandsma.
In útstalling oer Titus Brandsma yn Boalsert © Omrop Fryslân
Beide stichtingen wurken al gear en mei it bondeljen fan de krêften moat it gedachtegoed fan de no hillige Titus bewarre bliuwe foar de takomst en foar Boalsert, dêr't Brandsma jierren wenne hat.