Lutz Jacobi nei fjouwer jier werom as foarsitter Nationaal Park Schiermonnikoog

Lutz Jacobi © ANP Foto
Lutz Jacobi komt werom as foarsitter fan it Nationaal Park Schiermonnikoog. Se folget Arjan Berkhuysen op. Oant 2018 wie Jacobi ek al foarsitter fan it park.
Jacobi hold doe op, omdat se direkteur waard fan de Waadferiening. Dêr hâldt se mei yngong fan 1 jannewaris mei op, wêrtroch't se wer tiid hat om oan se slach te gean foar it park.
As direkteur fan de Waadferiening hat Jacobi har ûnder oare dwaande hâlden mei it behâld fan de natuer yn it gebiet en it ferset tsjin de gaswinning en oare mynbou-aktiviteiten ûnder de Waadsee.
Se hat har ek útsprutsen tsjin de oanlis fan in stroomkabel foar wynparken op de Noardsee, dy't troch Skiermûntseach rinne soe.
Yn it ferline wie Jacobi Twadde Keamerlid foar de PvdA en riedslid yn Ljouwert foar deselde partij. Op it stuit sit se yn it lanlik bestjoer fan de PvdA.
Earder dizze wike waard al bekend dat Jacobi by de Waadferiening opfolge wurde sil troch Christine Wijshake.