Huzebou foar 'Blits Wonen' oan de Bonkefeart yn Ljouwert begûn

Sa moat it der út komme te sjen © Slokker Vastgoed
De bou fan 26 apparteminten en 14 huzen oan de Bonkefeart yn Ljouwert is úteinset. It projekt hat de namme Blits Wonen en leit oan de râne fan Ljouwert, tsjin de wyk Blitsaerd oan.
Nei alle gedachten binne de earste huzen healwei takom jier klear. De huzen krije in eigen oanlissteger oan de bekende feart, dêr't de Alvestêdetocht finisht.