Auto dûkt de boskjes yn by Drachten, ôfrit A7 tydlik ticht

Sa lei de auto der by © Noordernieuws
By de ôfrit fan de A7 by Drachten is freedtemoarn in auto de boskjes yn dûkt. De brânwacht en in ambulânse binne op it plak kaam om de belutsenen op te fangen.
Der binne gjin berjochten dat der ynsitters ferwûne rekke binne. It ûngelok barde om 08.25 oere hinne. Troch it ûngelok en de helpferliening is de ôfrit tydlik ticht.