Gemeente Ljouwert sil oant 150 Oekraynske flechtlingen opfange op camping De Wetterpôlle

De yngong fan de camping © Omrop Fryslân, Robea Kleisma
De gemeente Ljouwert sil fan heal desimber ôf 125 oant 150 flechtlingen út Oekraïne opfange op camping De Wetterpôlle yn Ljouwert. De flechtlingen komme yn sjaletten foar fjouwer persoanen, wêryn't se sels iten siede kinne.
De sjaletten wurde fan 1 desimber ôf pleatst. It wurdt de tredde opfanglokaasje foar Oekraïners dy't de gemeente sûnt maart dit jier iepene hat. Earder hie de gemeente al Oer 't Hout yn Grou en Nieuw Mellens yn Ljouwert hjirfoar beskikber makke. It tal flechtlingen nimt noch hieltyd ta en dêrom iepenet de gemeente no ek dizze lokaasje.
De Oekraïners wurde foar maksimaal in jier opfongen op de camping.