Wrâlderfgoedsintrum Waadsee komt der, bou set yn 'e maitiid útein yn Lauwerseach

Sa moat it der út komme te sjen © Werelderfgoedcentrum Waddenzee
Alle seinen steane op grien foar de bou fan it Wrâlderfgoedsintrum Waadsee yn Lauwerseach. No't it oanpaste ûntwerp en finansjele stipe wis binne, kin de bou takom maitiid úteinsette.
De organisearjende partijen hawwe freed in hûnderttal gasten útnûge foar in boattocht om de plannen te presintearjen.
Yn it Wrâlderfgoedsintrum moat it ferhaal fan it Waadgebiet ferteld wurde, it iennige natuerlike wrâlderfgoed binnen de Nederlânske lânsgrinzen. Dat moat mei-inoar barre, mei ûndersikers, fiskers, omwenners, ûndernimmers, studinten, natuerbeskermers en seehûnefersoargers.

Hoop op 125.000 gasten it jier

It gebou sil boud wurde troch Dijkstra Draisma fan Dokkum, nei ûntwerp fan it Deenske arsjitekteburo Dorte Mandrup. De hoop is dat der alle jierren sa'n 125.000 gasten komme.
It Waadfûns, de provinsje Grinslân, de gemeente Het Hogeland, it Nationaal Programma Groningen, it fûns Water en Vis, de Waterschapsbank en seehûnesintrum Pieterburen drage finansjeel by oan de bou. Provinsje Grinslân, Het Hogeland, Haven Lauwersoog, Steatsboskbehear en Pieterburen binne de inisjatyfnimmers.

Foar de Waadregio

De bedoeling is dat it in sintraal plak wurdt om it Waadgebiet te belibjen, midden op de kust, tusken Fryslân en Grinslân yn, op de grins fan lân en wetter, tusken swiet en sâlt yn. It sintrum moat minsken bewust meitsje fan de kwetsberens fan it gebiet en de needsaak fan it sykjen nei in nij lykwicht tusken natuer en minske.
Sa moat it derút komme te sjen © Werelderfgoedcentrum Waddenzee
It Wrâlderfgoedsintrum moat ek bydrage oan de toeristysk-rekreative sektor yn Noardeast-Fryslân en Noardwest-Grinslân en it duorsum ûntwikkeljen fan it gebiet. It moat dus in ympuls jaan oan de ekonomy yn de regio.

Der komt fan alles yn

Op de earste ferdjipping moat in ynteraktive belibbing komme oer it Waadgebiet, dêr't besikers de dynamyk en de natuerlike prosessen fan it Waad ûnderfine kinne.
Yn it pân komme ek in kafee-restaurant, in kongres- en evenemintelokaasje mei auditoarium foar hûndert minsken en ferskate gearkomsteromten. Yn in winkel yn it sintrum moatte streekprodukten ferkocht wurde.
Sa moat it ynterieur der út komme te sjen © Werelderfgoedcentrum Waddenzee
Mei IVN (Instituut voor natuureducatie en duurzaamheid) wol it sintrum edukative programma's meitsje foar it ûnderwiis. De hoop is dat der alle jierren tusken de 10.000 en 15.000 learlingen en studinten in besite bringe.
Ek wurdt der in ûndersyks- en learsintrum taheakke, in laboratoarium foar ûndersyk en ûnderwiis. It sintrum wol dêrmei de wittenskip stypje en plak biede foar ûndersyk en eksperiminten.

Seehûnesintrum

Seehûnesintrum Pieterburen komt ek yn it Wrâlderfgoedsintrum. De opfang is ien fan de driuwende krêften efter it inisjatyf. De hjoeddeiske fasiliteiten yn Pieterburen hawwe te lijen fan efterstallich ûnderhâld. It gebou is ferâldere en renovaasje soe in djoer grapke wurde.
Neffens Pieterburen is de seehûn ien fan de graadmjitters fan de sûnens fan de Waadsee. It nije sintrum soe dan ek in goed plak wêze om it seehûnesintrum in plak te jaan.

Harrewarjen oer de hichte

Earder hat der in soad te dwaan west om de hichte fan it gebou. Dêrtroch is it plan meardere kearen útsteld. It plan wie yn 't earstoan om in gebou fan 30 meter heech del te setten.
In earder ûntwerp dat fanwegen de hichte ôfsketten is © Dorte Mandrup
Ferskate natuerorganisaasjes lykas de Waadferiening, Natuurmonumenten en Vogelbescherming Nederland stapten nei de rjochter, om't de hichte net goed by de natuer passe soe. Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening frege har ôf wêrom't it sa 'idioat heech' wurde moast.
Ek guon omwenners en ûndernimmers makken beswier, ek fanwegen soargen oer de parkeargelegenheid.
Uteinlik waard de hichte werombrocht nei 20 meter en yn jannewaris besleat de Ried fan Steat dat it gebou definityf net heger as 16,5 meter wurde mei. Yn werklikheid sil it gebou mar 13 meter heech wurde, om't it boppe-op in steger komt. Ek binne der grinzen steld oan it ljocht dat it gebou útstrielet.