Wurkgroep Spoar yn Fryslân lekket 'ynspiraasje- en fisyleas' winskelistje provinsje

In spoaroergong © Omrop Fryslân
It winskelistje dat de provinsje Fryslân by it Ryk yntsjinne hat foar de ferbettering fan de ynfrastruktuer wie 'ynspiraasje- en fisyleas'. Dat stelt de Wurkgroep Spoar yn Fryslân. Dat is in groep saakkundigen, dy't op frijwillige basis frege en net-frege advys jout oer de takomst fan it spoar yn Fryslân.
De provinsje hat ynset op it ferbetterjen fan it hjoeddeiske trajekt tusken Ljouwert en Zwolle en it oanlizzen fan de Lelyline. "Wij zijn van mening dat die inzet dubbelop is", seit Menno van der Veen, foarsitter fan de wurkgroep.

'Lelyline hat measte foardielen'

De kosten fan beide projekten lizze neffens Van der Veen op 9,5 miljard en rom 8 miljard euro. Troch yn te setten op beide projekten oerfreegje je it Ryk, fynt hy. "Je wilt in beide gevallen sneller in de Randstad zijn."
Fan beide projekten hat de Lelyline de measte foardielen, neffens de wurkgroep. "De upgrade van de huidige spoorlijn tussen Leeuwarden en Zwolle levert een reistijdreductie van 20 minuten op, terwijl de reistijdreductie bij de aanleg van de Lelylijn zeventig minuten is vanuit hartje Groningen of hartje Leeuwarden."
Van der Veen sjocht ek noch oare foardielen by it oanlizzen fan de Lelyline. "Je haalt een aantal vrachtwagens en personenauto's van de weg, het levert welvaart op en je bent af van de eilandvorming: als er storingen op de flessenhals bij Meppel zijn, dan is er in ieder geval nog een alternatieve omreisroute."
Dat in protte fan de winsken fan de provinsje troch it Ryk ôfwiisd binne, fernuveret Van der Veen net. De wurkgroep ropt Steateleden en deputearren op om prioriteiten te stellen, sadat se mei in goede fisy lobbye kinne.