Skiermûntseach meast 'toiletfreonlike' gemeente fan Fryslân, Dantumadiel it minst

Húskes dy kant op © ANP
Minsken dy't yn de gemeente Dantumadiel wêze moatte, kinne mar better earst thús nei it húske gean. De gemeente is nammentlik de minst 'toiletfreonlike gemeente' fan Fryslân. De Maag Lever Darm Stichting hat hjir ûndersyk nei dien.
Neffens Ivo Thonon fan de stichting is it gebrek oan iepenbiere of iepenstelde húskes in grut probleem. "Een kwart van de Nederlanders geeft aan dat ze soms tot vaak thuisblijven omdat ze angst hebben om buiten geen toilet te vinden."

Skiermûntseach de bêste

Om de ranglist te bepalen, hat de Maag Lever Darm Stichting seis yndikatoaren brûkt. Hoefolle húskes der binne de ynwenners fan de gemeente waacht dêrby it swierste mei. Fierder waard der ûnder mear sjoen nei de tagonklikens fan de húskes, de sprieding oer de gemeente en de ferhâlding tusken it tal iepenbiere húskes en it tal iepenstelde húskes.
Skiermûntseach kaam úteinlik as bêste út de test. Dy gemeente hat in 7,4 krigen. Lanlik is dat goed foar it tredde plak. Underoan stiet Dantumadiel mei in 1,5.

De fiif meast en minst toiletfreonlike gemeenten fan de provinsje

Nûmer Gemeente Nûmer Gemeente
1. Skiermûntseach (7,4) 14. Ljouwert (5,5)
2. Flylân (6,7) 15. Súdwest-Fryslân (5,2)
3. Opsterlân (6,5) 16. Smellingerlân (4,6)
4. Achtkarspelen (6,5) 17. Eaststellingwerf (4,3)
5. Skylge (6,3) 18. Dantumadiel (1,5)
It sifer foar Skiermûntseach sjocht der wol wat better út as de situaasje echt is. "We tellen de toeristen namelijk niet mee. Schiermonnikoog doet het heel goed met drie openbare toiletten voor 900 inwoners. Dat is een belangrijk criterium in onze ranglijst. Als we toeristen mee zouden nemen, zouden ze wel een stukje lager staan", leit Thonon út.

In húske om de 500 meter

Mei in 5,6 is Fryslân yn trochsneed de meast toiletfreonlike provinsje fan it lân, mar it kin noch in stik better. "Onze droom is dat er om de 500 meter in winkelcentra en drukke voetgangersgebieden een toilet zit. Dat hoeven geen openbare toiletten te zijn, dat kunnen ook opengesteld toiletten bij een café of een restaurant zijn."
De gemeenten spylje dêr neffens Thonon in wichtige rol yn. "Ze kunnen ten eerste hun eigen toiletten openstellen in gemeentehuizen, wijkcentra, bibliotheken, sporthallen en zwembaden. Ze kunnen ook afspraken maken met winkels en horeca om hun toiletten open te stellen."