Edou Hamstra (PvdA): "Dêr ha se files, hjir sitte skuorren yn de hûzen en ha we gjin bushalten"

It cv fan Edou Hamstra © Omrop Fryslân
It leit net oan in minne lobby fan Noard-Nederlân dat der mar in fraksje fan it Ryksbudzjet nei de ynfrastruktuer yn Fryslân, Grinslân en Drinte giet. Dat seit Edou Hamstra, listlûker fan de PvdA by de Steateferkiezingen. "Ik fyn dat Den Haag faalt."
It Ryk stekt 7,5 miljard euro yn ynfrastrukturele projekten yn hiel Nederlân. Fierwei it grutste part dêrfan giet nei de Rânestêd, mar ek foar Eindhoven en Gelderlân binne hûnderten miljoenen euro's weilein.
Der giet gjin jild nei Fryslân ta. Wol nei Grinslân, mar ek dat stiet yn gjin ferhâlding ta it totale bedrach dat frijkomt. Lykwols wol Hamstra net sprekke fan in lobby dy't faalt. "Dit is al hiel lang oan de hân. Ik tink echt dat der wat misgiet yn Den Haag."
Hamstra fynt wol dat de noardlike lobby sterker wurde moat. "Der binne grutte stappen set. Der is no al folle mear gearwurking as dat der wie, mar it is noch wol fierstente min."
Den Haag moat dus mear begryp ha foar Noard-Nederlân, mar tagelyk mei men yn it Noarden wol wat mear easken stelle, as it oan Hamstra leit. "We binne hjir al gau tefreden mei in pear miljoen. Te gau. Dy hâlding moatte we feroarje. Wy binne likegoed ûnderdiel fan Nederlân."
Edou Hamstra: "It belang fan dizze regio moat folle better op 'e kaart"
Der meie dan yn de Rânestêd wol folle mear minsken wenje as yn Noard-Nederlân, mar dat betsjut neffens Hamstra net dat dat perfoarst ek betsjutte moat dat dêr mear jild hinne moat.
De needsaak om saken hjir oan te pakken is minstens sa grut, leit se út: "Dêr hawwe se in file, hjir sitte skuorren yn de hûzen, hawwe we gjin bushalten mear yn it doarp en binne de bern ûngelokkiger."
Se witte it jild hjir wol te finen, mar werombringe ho mar!
Edou Hamstra oer de regearing
De foarfrou fan de PvdA fynt dus dat Den Haag faalt, en net allinnich op it mêd fan de ynfrastruktuerplannen. "Ik sjoch it bygelyks ek yn de soarch. Se woenen it bernehertsintrum út Grins wei hawwe, mar se moatte begripe dat jo as âlden net samar út it Noarden nei Utrecht of Rotterdam ta kinne."
As foarbyld neamt Hamstra ek de gaswinning. "Se witte it jild hjir te finen, mar werombringe ho mar! Oft it no Grinslân of Ternaard is."

Ljouwert-Zwolle én Lelyline

It Fryske provinsjebestjoer krige freed ek krityk fan de Wurkgroep Spoar yn Fryslân. De provinsje hat 'oerfrege' by it Ryk, sizze se, troch yn te setten op sawol in ferbettering fan it trajekt Ljouwert-Zwolle as de oanlis fan de Lelyline.
Hamstra folget dy krityk net hielendal. "It is moai dat se har soargen útsprekke, mar it spoar Ljouwert-Zwolle is op it stuit it iennige spoar dat ús ferbynt mei de rest fan it lân."
Edou Hamstra: ynsette op sawol trajekt Ljouwert-Zwolle as op de Lelyline
As dêr in kear wat mei oan de hân is, of der wurdt oan wurke - lykas dit wykein - dan moatte reizgers mei it iepenbier ferfier tusken Fryslân en de Rânestêd al gau rekkenje op in soad ekstra reistiid.
De Lelyline soe dat probleem ferhelpe moatte, omdat der dan mear rûtes binne tusken Fryslân en de Rânestêd. "Dat soe dêrom 'high priority' wêze moatte, mar as we it oait foarelkoar krije, dan duorret it noch minstens fyftjin jier foardat dy der leit."
Dêrom is it neffens Hamstra goed om ek easken te stellen by it trajekt Ljouwert-Zwolle. By foarige kabinetsbesluten wie ek te min omtinken foar alles noardlik fan Zwolle, seit se. "Dêr kin ik net by. We kinne net fyftjin of tweintich jier wachtsje oant de Lelyline der leit."

Folksfertsjintwurdiger, gjin bestjoerder

Stadichoan beweecht de Fryske polityk him nei de kampanje foar de Steateferkiezingen ta. Dy ferkiezingen binne op 15 maart takom jier en Hamstra is listlûker foar de PvdA.
Mocht har partij yn it kolleezje fan Deputearre Steaten komme, dan sil Hamstra gjin deputearre wurde. "Ik fiel my echt folksfertsjintwurdiger. De ôfrûne jierren haw ik in soad leard. No wol ik echt in team delsette dat folle mear nei bûten ta giet. Dat moat ik yn Provinsjale Steaten dwaan, dat is myn ambysje."
De PvdA hat noch gjin kandidaat-deputearre foar nei de ferkiezingen
Oare kandidaat-deputearren hat de partij ek noch net oanwiisd. "Dat sille der in pear wurde", seit Hamstra. "As we yn it kolleezje komme, dan moatte we ek sjen watfoar portefúlje we krije. De ynhâld dêrfan moat 'matche' mei de persoan."
De cartoon fan Gerco van Beek oer Edou Hamstra © Omrop Fryslân