'Konsumint is 'kaai' ta fersêfting enerzjykrisis winkels'

Winkeljend publyk yn Ljouwert: neffens binnenstedsmanager Hayo Galema dé wize om winkels troch de krisis te helpen © ANP
De hege enerzjykosten begjinne de earste slachtoffers te easkjen yn de ûndernimmerswrâld. Guon winkels slute de doarren omdat se de kosten net mear opbringe kinne. Ek yn Ljouwert binne dizze wike twa winkels dy't ticht moatte.
Ien fan dy winkels is Jouw Dagelijkse Kost fan Monique van Etten. "Niet onze keus, de situatie dwingt ons ertoe", seit se. "Ons nieuwe energievoorschot van tweeduizend euro is voor ons niet te betalen."
Van Etten hie al ferwachte dat de enerzjyrekken omheechgean soe. Dat wie ek de reden dat se mei de hûsbaas om tafel woe om te praten oer ferduorsuming. "We willen heel erg graag zonnepanelen leggen. Met vijftig stuks zijn we een heel eind."
Monique van Etten moat har winkel Jouw Dagelijkse Kost slute © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Klanten ha al plannen foar in crowdfundingsaksje. Se komme mei suggestjes foar oare gebouwen. Moai, seit Van Etten, mar se wol earst rêst: "Eerst dit allemaal afhandelen en verwerken. De rekeningen betalen en op nul eindigen. Dan gaat het bedrijf slapen tot we een oplossing hebben."
De besteande klanten wurde no trochferwiisd nei de Streekboer. Dêr komt in ophelpunt foar yn it sintrum fan Ljouwert.
Jouw Dagelijkse Kost slút de doarren fanwegen de hege enerzjyprizen
De Ljouwerter binnenstedsmanager Hayo Galema skrikt net fan it nijs. Neffens him giet it foarearst om 'mar' twa saken yn Ljouwert dy't it net folhâlde, mar de soargen binne wol grut. "It wurdt de kommende tiid spannend."
"Corona is gjin issue mear", seit Galema. "Mar troch dy krisis ha de ûndernimmers no wol minder fet op 'e bonken as oars. De reserves binne fuort. En de marzjes yn de detailhannel binne altyd al hiel smel."

Selde soargen by de konsumint

De hege enerzjyprizen is ien kant fan it probleem, mar de ûnwissichheid is ek aaklich. "Jout de konsumint syn jild noch wol út? Dy konsumint hat ek lêst fan de hegere prizen en dat kin derfoar soargje dat der minder útjûn wurdt."
Om kealslach te foarkommen leit dêr 'de kaai', neffens Galema. Want de oerheden dogge yn syn optyk al in soad. "Foar de lytsere bedriuwen is der in enerzjyplafond. En foar gruttere ferbrûkers hat de oerheid ek in regeling troffen."
Wat de oerheid neffens him wol dwaan kin, is soargje dat de minsken yn de stêd komme. "Ljouwert moat in stêd wêze dêr't minsken graach hinne gean, want de konsumint moat it úteinlik dwaan. De konsumint is 'de kaai'. Dy moat keapje."