Eastermarders ha noed oer skuorren yn muorren: “Hoe komt dit yn ‘e takomst?”

© Omrop Fryslân, Mats Gies
In groep ynwenners fan Eastermar lûkt oan 'e bel. Yn de muorren fan ferskate hûzen sitte sûnt koart skuorren. Wêr't dat krekt troch komt, witte se net, mar de bewenners tinke dat it benammen komt troch de grûndelgong nei gaswinning út de lytsere fjilden yn de omkriten.
De ynwenners hawwe in brief stjoerd oan de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Riedsleden hawwe dizze wike op lokaasje de skea besjoen.
Fokke Benedictus wennet al syn hiele libben yn it bûtengebiet fan Eastermar. Mei syn frou Ella hat er in biologysk boerebedriuw. Yn de muorre fan de pleats binne de ôfrûne jierren skuorren ûntstien.
RTV NOF seach by de skuorren yn de pleats fan Benedictus:
"Ik tink dat der meardere oarsaken binne", fertelt Benedictus. "Mar wy binne foaral eangstich foar de gûndelgong as gefolch fan de ierdgaswinning. Dêr gean se oant 2030 mei troch yn dizze omkriten, en watfoar gefolgen kin dat foar de takomst hawwe? Wy wolle hjir gjin Grinslanner tastannen."
Riedslid Gert van der Meijden wie tongersdei mei in pear fan syn kollega's yn Eastermar. "Wij zijn natuurlijk geen deskundigen. Maar er is zeker bodemdaling door gaswinning, dat is duidelijk en vastgesteld. De vraag is alleen of deze scheuren in de woningen daar specifiek door veroorzaakt zijn. Dat zou een deskundige vast moeten stellen. Maar zolang de schade niet heel groot is, denk ik dat dat niet gaat gebeuren."

"Njonken ús ynwenners stean"

De ynwenners hoopje yn alle gefallen dat se serieus nommen wurde. Neffens Van der Meijden is dat in taak fan de ried. "We kunnen zeker naast onze inwoners staan en zorgen dat ze een luisterend oor krijgen."