Teleks: Iepen brief learstoel Frysk

logo.ensafh

De Ryksuniversiteit Grins sil de kommende jierren gjin opfolger oanstelle foar de okkerdeis mjirkes wurden heechlearaar Frysk. Dat beslút is yn it Fryske fjild hurd ynslein. Wij sjogge it as in ûnnedige stap tebek en boppedat as in hurde besuniging foar ús kwetsbere minderheidstaal. As der net gau dochs noch in opfolger beneamd wurdt, liket it lot fan it Frysk oan de universiteit besegele, ommers sûnder heechlearaar kin de stúdzje him yn it hjoeddeistige akademysk klimaat net steande hâlde. Wij witte  dat der meardere persoanen geskikt binne om de learstoel te besetten, mar dêrfoar moat de universiteit wol yn petear gean mei partners yn it fjild.

Al folle langer freegje de ûnderskate belutsenen omtinken foar de kwetsbere posysje fan ús taal hjoeddedei. It Frysk is in wichtige en erkende minderheidstaal, mei in grut oantal brûkers. Der binne mear as 300.000 memmetaalpraters en mear as in heal miljoen minsken dy’t de taal aktyf behearskje. Dochs is it dreech om genôch studinten te finen, alhoewol’t der plenty wurk is foar minsken is dy’t Frysk studearre hawwe. Yn dizze konstellaasje fertsjinnet de stúdzje ekstra beskerming en oandacht, ûnder lieding fan in professor dy’t al it nedige akademyske ark ta syn foldwaan hat om dit fak fuort te sterkjen.

Mei it each op de status fan de taal is de stap dy’t no set wurdt net akseptabel. Der is gjin offisjele  rykstaal yn Europa fan dizze omfang dêr’t de akademyske foarsjenningen sa foar útklaaid binne as foar it Frysk. Wy freegje de Ryksuniversiteit om yn petear te gean mei partners yn it fjild en om noch dit akademysk jier in folweardige heechlearaar te beneamen. Wij freegje de Provinsje Fryslân om ús te stypjen yn dizze oprop.

Abe de Vries, Abel Darwinkel, Albert Schaafsma, Alex de Jager, Amarins Geveke, Ank Dykstra, Anna van Dijk, Anne Heegstra, Antoine Fonville, Arja Olthof, Arjen Dijkstra, Audrey Geveke Storm, Baukje Marijke Felkers, Berber van Oyen-Peenstra, Bertus Mulder, Bouke Oldenhof, Boukje Emma Smith, C. Dijkstra, Cees van der Meulen, Cornelis van der Wal, Doeke Sijens, Dinie Visser, Eeltsje Hettinga, Elske Schotanus, Ernst Bruinsma, Frank de Boer, G. van der Meer, Geart Benedictus, Geart de Vries, Goffe Jensma, H.A.Y. Wolf, Hillebrand Rijpma, Hinne Wagenaar, Hotso Spanninga, Hylke Tromp, Immie Jonkman, J.G. Rosseel, Jan Schotanus, Jaap Cuperus, Jan Hendrik Woudstra, Jan Visser, Jannie van der Kloet, Jant van der Weg-Laverman, Jelle Bangma, Jelle van der Meulen, Jorris Kingma, Karel Gildemacher, Klaas van der Hoek, Laurens vd Meulen, Lomme Schokker, Louw Dijkstra, Maaike Andringa, Marga Claus, Meindert Seffinga, Nyk de Vries, Nynke Beetstra, Oebele Vries, Oene Spoelstra, Philippus Breuker, Pier Bergsma, Pieter Breuker, Reitze J. Jonkman, Relinde Vos, Riemer Janssen, Roeland van Hout, Rolf H. Bremmer Jr, Sander Warmerdam, Sigrid Kingma, Simon Oosting, Sjoerd Bootsma, Syds Wiersma, Sytske de Boer, Sytze T. Hiemstra, Theunis Piersma, Thom Feddems, Tonko Ufkes, W. Wieling, Willem Tjerkstra, Yme Kuiper

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *