Ferwûnen troch slim ûngelok by Jelsum, auto's frontaal opinoar botst

By it ûngelok op de Brédyk © Kappers Media
Op de Brédyk by Jelsum binne trije minsken ferwûne rekke by in frontale botsing tusken twa auto's. De N357 tusken Ljouwert en Stiens is dêrom ôfsletten yn beide rjochtingen.
In traumahelikopter en fjouwer ambulânsen binne nei it plak ta riden foar helpferliening. Op de dyk is in skerm set om it sicht te ûntnimmen.