Voedselbank Damwâld ynrjochte as in winkel, foar it selsrespekt fan de klant

Alle Flootman by de Voedselbank fan Dâmwald © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De Voedselbank fan Damwâld is neffens in nij konsept ferboud: gewoanwei krije klanten by Voedselbanken in ynpakt krat mei guod mei, mar yn Damwâld is it in echte winkel wurden.
"Dit nije idee hat meardere foardielen", seit foarsitter Alle Flootman fan de Voedselbank. "Alderearst hoopje wy dat de minsken it selsrespekt weromkrije. Se rinne hjir net mear in Voedselbank binnen, mar in echte winkel. Sa bliuwe se dochs wat mei de mienskip ferbûn."
Der binne minsken by dy't net iens mear yn de winkel doare te kommen.
Alle Flootman, Voedselbank Damwâld
"Fersin dy net, want der binne echt minsken by dy't net iens mear yn de winkel doare te kommen", seit Flootman.
"De problemen binne sa grut, dat dy stap al net iens mear set wurdt. No komme se hjir en krije klanten it idee dat sy wer by de mienskip hearre. Boppedat kinne minsken hjir sels harren karre ynlade. As wy mei kratten wurkje, krije minsken ek guod mei dat se miskien net hoege. No kinne se helje wat se wolle."
De Voedselbank fan Damwâld is neffens in nij konsept ferboud
It konsept is krekt itselde as yn in winkel. "As earste moatst in winkelkarre ophelje", Flootman stiet yn 'e midden fan de winkel tusken allegearre stellingen. Op de planken stean buorden dy't it iten yn ferskate kategoryen lykas 'brochje, lunsj, griente' ferdiele.

Pakke watst wolst

De stellingen steane fol mei kofje, ierappels, bananen, fleis of sûker en oare produkten. De foarsitter fan de Voedselbank rint rjochting de yngong fan de winkel dêr't de winkelkarren op in rige klear stean foar de klanten.
"Dêrnei rinne se earst nei de baly en dêr kinne se harren oanmelde. As dat dien is, meie sy yn de winkel pakke wat se wolle."

Ynflaasjewinter

Flootman rint by de stellingen del en komt úteinlik by in ôfdieling mei klean út. "Wy binne net allinnich foar iten, mar ek foar oare saken, lykas klean. Hieltyd mear minsken komme yn 'e knipe troch de hege ynflaasje. Dus is der ek mear ferlet fan oare dingen."
"Ast gjin klean mear keapje kinst foar de bern, dan kinne wy helpe", seit Flootman, wylst er nei in stelling mei jongesklean wiist. "It is skande dat it moat, mar ik tink dat der fan 't winter mear klanten komme as ea."