Fan kibboetsbewenner ta túnman fan de kampkommandant: it ferhaal fan Hans Martin Cohn

Hans Martin Cohn as boerefeint
© Fries Film & Audio Archief
Neidat kibboetsbewenner Hans Martin Cohn nei Westerbork brocht is, wurdt er de túnman fan kampkommandant Albert Gemmeker. It ferhaal fan Hans wurdt ferteld troch de twa suskes Betty en Gré van der Valk út Frjentsjer, yn diel 2 fan de FryslânDOK-searje Kibboets op 'e klaai.
FryslânDOK Kibboets op 'e klaai, diel 2: Anjers foar de kampkommandant
Sneon 19 novimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 15.53 oere, letter as oars)
Snein 20 novimber Omrop Fryslân, fanôf 17.00 oere alle oeren
(diel 1 fan Kibboets op 'e klaai wie op 12/13 novimber op TV, diel 3 sil op 26 en 27 novimber te sjen wêze)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Bewenners fan de kibboets yn Frjentsjer
© Fries Film & Audio Archief
As yn 1940 de oarloch útbrekt, feroaret der earst noch net folle op de kibboets yn Frjentsjer. De Joadske jongeren dy't in lânbou-oplieding krije by Fryske boeren yn 'e omkriten, melke de kij en helje de rispinge fan it lân.
Mar it net slút him stadich om de Joadske lânbouskoalle, fêstige yn it âlde stasjonsgebou. Frjentsjer telt in soad NSB'ers, dy't heule mei de Dútske besetter. Sels op it stedhûs en yn it pleatslike plysjekorps krijt de NSB hieltyd mear ynfloed.
Betty en Gré van der Valk
© Fries Film & Audio Archief
Op 3 novimber 1941 oerfalle de Dútsers mei help fan de Frjentsjerter plysje de kibboets. De bewenners wurde arrestearre en oerbrocht nei kamp Westerbork.
Foar de famylje Van der Valk út Frjentsjer is it in grutte klap. De twa suskes Betty en Gré binne hechte oan Hans Martin Cohn, dy't as kibboetsbewenner faak by harren oer de flier kaam. De famylje besiket kontakt mei Hans te hâlden en skriuwt brieven nei Westerbork.
Tekening makke troch Hans Martin Cohn
© Fries Film & Audio Archief
Nei de oarloch wurdt der in doaze mei tekeningen en brieven fan Hans by de famylje Van der Valk brocht. En mei it boadskip, dat er de doaze ynkoarten ophelje sil. Mar der komt gjin teken fan libben, al dy jierren net.
Oant begjin fan dit jier. FryslânDOK reizget nei kamp Westerbork en Israel om te efterheljen wat der bard is. Yn Israel wenje de bern fan Hans Martin Cohn: Irit en Yaron.
Irit en Yaron Cohn
© Gerko Jonker
Betty en Gré fertelle oer de oantinkens dy't se hawwe oan harren bernetiid, doe't Hans Martin Cohn faak by harren thúskaam. De doaze mei brieven en tekeningen is altyd op 'e souder stean bleaun, omdat der noait ien kaam om se op te heljen.
Arjo Hillebrand, Histoarysk Sintrum Frjentsjer
Yn de dokumintêre komme Betty en Gré yn 'e kunde mei harren eigen skiednis, troch de brieven fan Hans en de famylje. De dokuminten wurde no tentoansteld yn it Histoarysk Sintrum Frjentsjer.
Betty en Gré van der Valk no
© Gerko Jonker
Kibboets op 'e klaai is in trijedielige dokumintêresearje oer de Joadske lânbouskoalle, dy't yn de jierren tritich fan de foarige iuw yn Frjentsjer oprjochte waard.
Mear as njoggentich Joadske jongeren waarden op dy kibboets klearstoomd foar emigraasje nei Palestina, om dêr boer te wurden en te wurkjen oan in 'nasjonaal hûs foar it Joadske folk'.
Twa kibboetsbewensters oan it wurk yn de túnderij
© Fries Film & Audio Archief
As Syds Wiersma fan it Fries Film & Audio Archief twa âlde filmkes fynt mei bylden fan de jongeren yn de kibboets, giet er op ûndersyk út. Wat is der bard mei de bewenners, hoefolle fan harren hawwe de oarloch oerlibbe? Binne der noch famyljeleden en neibesteanden dy't it ferhaal fierder fertelle kinne?
Wiersma bedarret yn Westerbork, Israel, Amsterdam, en yn it eardere konsintraasjekamp Bergen-Belsen.
Syds Wiersma yn Westerbork
© Gerko Jonker