Rekôrfangsten lûke Starumer garnalefiskers hielendal nei Vlissingen

In garnalekotter út Starum (argyfbyld, net de kotter yn Seelân) © ANP
It is útsûnderlik: sûnt oktober stikt it fan de garnalen yn de Siuwske wetters. It lûkt kotters út hiel Nederlân nei Seelân ta, sels fiskers út Starum reizgen nei it suden ôf.
De grutte oantallen garnalen waarden healwei septimber foar it earst opmurken by de Súd-Hollânske kust, mar ferline moanne ferhuzen de garnalen nei Seelân.
Gewoanwei nimme de opbringsten nei in lytse moanne al wer ôf, mar dizze kear hâlde de fangsten opfallend lang oan.
Wat de oarsaak is fan de grutte tanimming oan garnalen, is net hielendal dúdlik, sa skriuwt Omroep Zeeland. Faak hat soks te krijen mei in krekt wat waarmere wettertemperatuer en fiedselriker wetter.

Rekôrfangsten

Yn Vlissingen binne dit wykein al tolve kotters út hiel Nederlân: fan Stellendam en Scheveningen oant Starum. De fiskers fange sa'n 3.000 oant 6.000 kilo garnalen de wike. Dizze rekôrfangsten binne tige wolkom foar de fiskers, dy't flink fan de hege brânstofprizen te lijen hawwe.