Twa ferwûnen by ûngelok Easterwâlde, swierferwûne slachtoffer mei spoed nei sikehûs

Helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © Compact Media
Yn Easterwâlde binne twa minsken ferwûne rekke by in ûngelok. In pick-up en in bestelbuske binne opinoar botst. Dat barde op de krusing fan de Weperpolder (N919) mei de Fochterloërveen.
It ûngelok barde krekt foar healwei fiven. De brânwacht fan Haulerwyk waard oproppen en ek de plysje en ambulânsepersoniel kamen op it plak.
Beide ferwûnen binne nei it sikehûs brocht. Ien fan har wie swierferwûne, dy is mei spoed fuortbrocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de botsing.