Twa diseldieven pompe 2.000 liter by tankstasjon yn Boelensloane wei

De auto mei oanhinger © HOS Oil
Yn Boelensloane hawwe twa dieven 2.000 liter disel stellen by it TotalEnergies-tankstasjon oan de Boelenswei. De dieverij barde freedtenacht mei in spesjale pompynstallaasje.
Mei in oanhinger waard in pomp meinaam, dy't fia de peilliedingen fan de foarriedtanks yn 'e grûn de disel omheechpompe koe.
Leveransier HOS Oil hat de fertochten op kamera en hat bylden op sosjale media pleatst. De gruthannel freget minsken oft sy de kombinaasje earne sjoen hawwe en warskôgje oaren foar de brânstofdieven.