Fabryksgebouwen De Pôlle meitsje lang om let plak foar nijbou op De Lemmer

Sa komt it projekt der út te sjen © Zwanenburg Projecten
De Pôlle wie lang in rotte kies op De Lemmer, mar moandei set lang om let de sloop fan de âlde gebouwen útein. Der komme 107 apparteminten en 20 huzen foar werom.
De sloop sil nei alle gedachten in wike duorje. Dêrnei set it sanearjen fan de grûn útein en kin rioel en ferhurding oanbrocht wurde.

De Lemsterkade

It projekt hat de namme De Lemsterkade krigen. De bou fynt yn twa fazen plak, yn de maitiid en hjerst fan takom jier set de ferkeap útein fan beide fazen.
It gebiet stiet bekend as De Houtmolen, nei de wynmûne- en letter stoomhoutseagerij dy't ea oan De Pôlle stie. Doe wie it in plak mei in soad libben, mar it gebiet leit der no al jierren fertutearze by.
De âlde fabrykspannen oan De Pôlle op De Lemmer © Gemeente De Fryske Marren
It âlde fabrykskompleks wie earder gemeentlik monumint, mar dy status is fuorthelle.

Pakhuzen

De apparteminteblokken dy't boud wurde, komme der út te sjen as in soarte pakhuzen: in knypeach nei it ferline. Oan de iene kant it wetter fan de flechthaven, oan de oare kant de seedyk.