FIDEO: Tsjerketsjinst yn De Karmel yn Wâldsein
Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Dizze moanne komt de tsjinst út De Karmel yn Wâldsein wei.
Foargonger is dûmny Renske Bosman-Romkema, Klaas Booy begeliedt de tsjinst op it oargel. Fierdere muzikale meiwurking is der fan in kopergroep en Annamarije Zondervan op trompet.
De liturgy fan de tsjinst is hjir te finen.