Koalmonoksidefergiftiging foarkaam yn Surhústerfean

koalmonoksidemelder (argyffoto) © ANP
De brânwacht hat sneontejûn yn Surhústerfean in koalmonoksidefergiftiging foarkomme kinnen. De CO-melder gie ôf yn it hûs oan de Vermaning en de bewenner hie oanjûn ek net al te tige te wêzen.
De oproppen brânwacht hat mjittings dien yn de wenning. Dy joegen in CO-wearde heger as 0 oan. De wenning is fentilearre, en dêrnei wer metten. Doe bleau de meter op 0 stean.
De oarsaak bliek te sitten yn in ferwaarmingstastel. Dat kin foarearst better net mear brûkt wurde, sa is it advys.
De brânwacht ropt op altyd foar goed wurkjende reek- en CO-melders yn de wenning te soargjen.