Kuorbalklup Stiens besiket mei 'kangeroes' ledetal op peil te hâlden

Bern krigen in kangeroe © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De pleatslike kuorbalferiening yn Stiens set knuffels yn om bern sa jong mooglik entûsjast te meitsjen foar de sport. In sponsor hat de stoffen kangeroebisten beskikber steld.
Sa jong mooglik entûsjast meitsje, dat is it idee fan de kuorbalferiening CSL (Combinatie Sportvereniging Leeuwarderadeel). De kampanje 'fan kangeroe oant kampioen' sette sneon útein. De kangeroeklup sels, foar bern fan trije oant seis jier bestiet al langer.
De pleatslike kuorbalferiening yn Stiens set knuffels yn foar de sport
De bern yn de Stienzer sporthal krije sneon allegearre in knuffelkangeroe fan de kreamkundige yn it doarp, ien fan de sponsoaren. Sa besiket de klup mei in frij konstant ledetal fan sawat twahûndert ek de takomst feilich te stellen.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte