Ferkeap nije starterswenten op Bogermanterrein Wommels útsteld

Ympresje fan de nije Bogermanhof yn Wommels © Bogermanhof Wommels
De start fan de ferkeap fan tsien nijbouwenten achter de eardere Bogermanskoalle yn Wommels is útsteld. Reden binne de hieltyd heger wurdende boukosten.
Der is mear tiid nedich foar it ûntwikkeljen fan it bouprojekt, neffens in melding op sosjale media fan it Bogermanhof. Kommende sneon soe dy ferkeap wêze, mar dat giet dus no net troch.
It bouplak is no noch leech. Der is noch gjin grûnwurk dien en der moat ek noch sloopt wurde. De wenten soene oarspronklik yn it tredde of fjirde kwartaal fan takom jier oplevere wurde.
Makelaardij Friesland yn Ljouwert regelet de ferkeap fan de nijbouwenten achter de eardere Bogermanskoalle en projektûntwikkeler Blue Banner Red yn Baarn de bou.

Hier

Yn de hege lokalen fan it eardere skoalgebou komme seis studio's dy't healiepen binne nei boppen ta, saneamde entresols. Under is bedoeld om te wenjen en boppe om te sliepen. Op de earste ferdjipping komme nochris fjouwer apparteminten mei in aparte sliepkeamer Alle tsien wenplakken yn de skoalle sels binne bedoeld foar de ferhier.
Der komt ek in plak yn it skoalgebou dêr't de bewenners en oare minsken út it doarp inoar moetsje kinne en ek wurkje.

Keap

De tsien nijbouwenten achter de skoalle binne foar de ferkeap. Se hawwe elk twa sliepkeamers en in tún. Wannear't de ferkeap dan wol útein set, is noch net bekend.
De wenningen yn Bogermanhof binne alderearst bedoeld foar jongerein en starters út Wommels en omkriten.