24 minsken en twa hûnen 'evakuearre' by grutte rampe-oefening by De Rottefalle

Helpferlieners dwaande mei it reanimearjen fan in 'slachtoffer' by paviljoen De Leijen © Omrop Fryslân
By in grutte rampe-oefening op De Leijen by De Rottefalle binne sneintemoarn 24 slachtoffers en 2 hûnen evakuearre fan eilantsjes yn dy mar.
It gie om in mienskiplike oefening fan de brânwacht en de rêdingsbrigades fan Drachten, Ljouwert, It Hearrenfean, De Lemmer en Weststellingwerf.
It plan foar de oefening wie ynspirearre op de wettersneed fan ferline jier yn Limburch, dêr't ek guon Fryske lifeguards oan meidiene. Hoe soe it yn Fryslân gean as in polderdyk it bejout en in doarp ûnder wetter komt te stean?

Drip-oan-de-noas-waar

Yn boatsjes fan de rêdingsbrigades en de brânwacht waarden slachtoffers fan de eilannen nei de wâl brocht. Guon fan harren wiene der sabeare min oan ta en moasten reanimearre wurde. De slachtoffers bestiene foar in part út frijwilligers en foar in part út poppen.
"Echte minsken foar in oefening út it wetter fiskje moatte je net dwaan mei dit drip-oan-de-noas-waar", seit offisier fan tsjinst Jelle Merkus fan de brânwacht.
In oare komplikaasje wie dat op in skip dêr't guon slachtoffers help sochten brân útbruts, wêrtroch't de brânwacht ek yn aksje komme moast om dy brân te bestriden. "Je moatte oan de bak, mar it is fierder saak om kalm te bliuwen", seit Merkus. "Mar as ik earlik bin, dan dogge de minsken fan de rêdingsbrigades hjoed mear as wy."

Spesjale pinning

"Het gaat om bij zo'n oefening om communicatie en om het zoeken op de goede plekken", seit René Sloot fan de rêdingbrigade Weststellingwerf yn Wolvegea. "Vorig jaar in Limburg wisten we precies waar de mensen zaten, maar als mensen hogere plekken opzoeken zoals eilandjes in dit meer weet je dat niet. Maar mijn gevoel is goed, want ik geloof dat we iedereen hebben gevonden, en daar gaat het om."
Ek omdat der geregeld nije minsken komme by de brânwacht en de rêdingbrigades is it neffens Sloot wichtich om soks geregeld te oefenjen. Guon brigades dogge ien kear yn 'e moanne in lytse oefening foar de eigen ienheid, mar ek foar gruttere oefeningen mei mear minsken moat sa út en troch oefene wurde.
24 minsken en twa hûnen 'evakuearre' by grutte rampe-oefening by De Rottefalle
Nei de oefening waarden de lifeguards fan de rêdingbrigade dy't ferline jier meiholpen by it wettersneed yn Limburg troch boargemaster Rijpstra fan Smellingerlân yn it sintsje set. Se krigen by dy gelegenheid in spesjale pinning.