Janneke Spoelstra

Wêr bliuwe de froulju?

logo.ensafh

Lêzing Janneke Spoelstra

CFH septimber 2022

Wêr bliuwe de froulju?

Dat haw ik my faak ôffrege as ik siet te kopijlêzen foar Ensafh, it iene fers of ferhaal nei it oare fan manlju, en inkeld ris in bydrage fan in frouminske dêrtuskentroch. Ik haw it ek wol tocht op dichtersjûnen, as ik de line-up seach.

De titel fan dizze lêzing slacht dan ek op ’e froulju dy’t der al en dy’t der net binne yn ’e Fryske literatuer.

1 Yntroduksje

Dizze lêzing giet oer it ynterviewprojekt, dêr’t ik yn maart mei úteinset bin. Yn ’e Redaksje Literêre Rigen bestie al in moai skoft de winsk om in update te meitsjen fan Jelma Knol har essay ‘út syn aerd wei froulik’ , de Fryske dichteressen en it misferstân (1993). Dat essay behannelet de Fryske poëzy fan froulju nei de Twadde Wrâldoarloch en de resepsje fan harren wurk. En der steane ek 6 fraachpetearen yn mei dichteressen.

We hawwe, as Redaksje Literêre Rigen, in pear kear besocht om immen fan bûten de Redaksje te finen foar dit projekt, mar dat is net slagge. Der hat ek in plan west om it mei mear ynterviewers út te fieren. Mar òm it mei mear minsken út te fieren waard dêrnei ek wer in beswier achte, want dan soe it alle kanten útfleane kinne.

En doe betocht ik: ik wol it ek wol allinnich dwaan, … en dat fûn elk bêst!

Dat, it kommende jier hoopje ik sa’n 10 dichteressen te ynterviewen, dy’t nei 1987 ien of mear dichtbondels yn it Frysk publisearre hawwe. (1987 wie de kapdatum fan Knol har ûndersyk). Ik sil harren freegje wat harren motiven binne om te skriuwen, hoe’t se har eigen posysje yn it Frysk literêre fjild sjogge, ensafuorthinne.

Wat is der feroare sûnt Ella Wassenaer skreau: ‘ek is ‘t net foechsum foar in frou en liz har siel sa bleat’ (1978). (achterflap Knol har boek)

Ik sjoch ek nei de resepsje fan it wurk fan dy dichteressen. En sil ek freegje wat sy sels fan dy resepsje fine. Oft se ek dingen misse yn ’e besprekken. Want hoe siet it ek alwer mei dat misferstân út de ûndertitel fan Jelma Knol har boek? Ik kom dêr daliks op werom.

It ynterviewprojekt is dus in inisjatyf fan ’e Redaksje Literêre Rigen. De Fryske Akademy jout my der in bytsje tiid foar en de provinsje hat subsydzje jûn. De Afûk sil it resultaat, de ynterviewbondel útjaan. It doel is dat it projekt maart 2024 klear is.

Neist Knol 1993 binne der wol earder ynterviewbondels yn ’e Fryske literatuer gearstald:

  • Tiny Mulder, Hwer hast it wei (1971),
    • Mulder hold in fraachpetear mei 11 manlju en ien frou
  • Joop Boomsma publisearre in Peteareboek (1976).1
    • dat it acht petearen binne mei manlju neamt er tafal.2 3

It nijste ynterviewprojekt dat ik ken, is dat fan Eelke Veltman, mei Rixt-dichters. Hy hâldt aanst nei my in lêzing. Hy is ek al fierder as ik, hy hat al ynterviews holden (ûnder oaren mei my). Ik koe sa moai de keunst wat fan him ôfsjen.

Ik wurkje mei nocht oan myn ynterviewprojekt. Yn july hold ik der in lêzing oer yn Skotlân, op in konferinsje fan ’e Association of Low Countries Studies. It tema fan dat kongres wie ‘Homing in’. De titel fan myn lêzing wie ‘Can female writers in Frisian feel at home in Frisian literature? And do they?’ De Fryske oersetting fan it útwurke artikel, dêr’t de lêzing op basearre wie, is wilens ferskynd yn de papieren Ensafh. Soms geane de dingen hurd.

En no stean ik hjir hjoed. It hâlden fan dizze beide lêzingen is foar my in goede manier om op gong te kommen mei it projekt. En it jout startmateriaal foar de ynterviews.

It misferstân dat Knol beneamt yn har boek (1993) wie:

Dit is wat ik it grutte misferstân neam: De ferûnderstelling dat froulju a priori oars dichtsje as manlju. Dat it wurk ‘út syn aerd wei froulik’ is en yn haadsaak út persoanlike, mar gauris foarmleaze leafdeslyryk bestiet. Dat misferstân oerhearsket yn in soad kritiken en benimt de kritikus it sicht op de werklike wearde en diversiteit fan it wurk dat er besprekke moat.’

Knol hellet Maaike Meijer oan dy’t yn har proefskrift, De lust tot lezen (1988), de literatuer beskôget as in plurifoarm systeem dat út in grut tal sirkwys bestiet. It dominante sirkwy soe dan it sirkwy wêze dat trochgiet foar it offisjele, en troch blanke, heteroseksuele mannen bepaald wurdt. De dielsirkwyen, lykas dat fan froulju, hat syn eigen teksten. Neffens Meijer soene de net-dominante sirkwys bestudearre wurde moatte yn har relaasje ta inoar, ta de kanon en yn har relative selsstannichheid.4

Mar yn ‘e Fryske literatuer,’ seit Knol yn 1993, ‘hawwe wy hielendal gjin kanon.’ Tagelyk makket se sels yn har boek wol ûnderskied tusken dichteressen en minor poets.5

It Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977) fan Klaes Dykstra hie, neffens Knol, in mear ynventarisearjend karakter.

Mar Knol waard suver op har winken betsjinne: yn 1994 waard troch Teake Oppewal e.o De spiegel van de Friese poëzie publisearre, dy’t al in moai begjin makke mei kanonisearring yn ’e Fryske poëzy. Der wie in skiedline lutsen tusken wat en foaral wa’t der al en wat en wa’t der net yn stie.

Der ferskynden sûnt 1993 noch mear blomlêzingen:

  • fan Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides Droom in blauwe regenjas /Dream yn blauwe reinjas (2004), dêr’t Albertina Soepboer mei de measte gedichten (ntl. 8) yn stiet

En noch 4, jim sjogge se hjir stean.

  • fan Jetske Bilker en Babs Gezelle Meerburg, De 100 mooiste Friese gedichten (2006),
  • fan Abe de Vries, Het goud op de weg, De Friese poëzie sinds 1880 (2008),
  • fan Pier Boorsma e.o. de update fan de Spiegel van de Friese poëzie (2008)
  • fan Ernst Bruinsma e.o. Swallows and Floating Horses (2018)]

It binne allegear blomlêzingen mei in gruttere taal as fiertaal. De Fryske literatuer as dielsirkwy fan ’e Nederlânske of Ingelsktalige literatuer?

En fansels nûgje dy blomlêzingen ek út om nei te sjen hoe’t de froulju yn dizze blomlêzingen fertsjintwurdige binne, mar dat haw ik noch net dien.

Der ferskynden boppedat sûnt 1993 in pear Oersichtswurken fan ’e Fryske literatuer: yn 2006 Teake Oppewal e.o., Zolang de wind van de wolken waait. Trui Jentink, Simke Kloosterman, Rixt, Tiny Mulder komme foarby. En op s. 235 fine wy in haadstikje Het vrouwelijk perspectief, dat benammen oer proaza giet.6

En yn 2018 ferskynde fan Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit, 7dat ek in Finster wijt oan ‘It lûd fan de frou’. Der wurdt in ‘bytsje mear as’ 1:4 frou-manferhâlding yn tal publisearjende skriuwers neamd.8

35 jier frouljusemansipaasje fierder (nei 1987), it glêzen plafond is trochbrutsen, of dochs net? Aleid Truijens seit dêroer yn Ons Erfdeel (2017): ‘Ik denk dat jonge vrouwen zich niet meer zo makkelijk laten marginaliseren in de literatuur. Wel ben ik bang dat de hele literatuur langzaamaan wordt gemarginaliseerd.9 Dat is noch wer in oar probleem fansels. Ik gean dêr fierder net op yn.

No, dêrneist stie de digitalisearring om 1990 hinne noch mar oan it begjin.10 Fan ynternettydskriften hie tritich jier lyn noch noait ien heard, lit stean fan sosjale media, dêr’t elk mar raak op publisearje kin.11

As tarieding foar de ynterviews dy’t ik hâlde sil, haw ik al fêst sjoen nei ferskillende persintaazjes, guon as update fan Knol har sifers fan 1993, en guon oare.

Ik haw sjoen nei sifers oangeande:

– taalfeardigens yn it Frysk

– bydragen fan froulju oan Frysk literêr tydskrift Ensafh

– bydrage froulju oan Dichterskollektyf Rixt

– poëzybondels fan froulju yn ‘e lêste fiif jier

– takenning foarnaamste priis foar Fryske literatuer oan in frou

– ynfolling funksje Dichter fan Fryslân troch in frou 

– debuten froulju 1995-2022.

Foar safier de Yntroduksje.

2 Persintaazjes

Dan de útwurking fan dy persintaazjes.

Taalfeardigens yn it Frysk

De Fryske Taalatlas 2020 jout in byld fan ‘e taalfeardigens yn it Frysk fan ’e ynwenners fan ’e provinsje Fryslân. De sifers binne bekend en hawwe jim miskien wol faker sjoen.

It Frysk is de earste taal fan 57,3% fan ’e befolking fan ca. 650.000.

93,1 % seit it Frysk goed oant hiel goed te ferstean,

64,1% seit it Frysk goed oant hiel goed te praten,

52,4% seit it Frysk goed oant hiel goed lêze te kinnen.

En dochs seit net mear as 15,9% fan ‘e ynwenners fan Fryslân it Frysk goed oant hiel goed skriuwe te kinnen.

Dat lege persintaazje fan skriuwfeardigens yn it Frysk hat fansels in grutte ynfloed op ’e produksje fan Fryske literatuer.12

De Taalatlas makket wol ûnderskied yn leeftiidskategoryen, mar net yn gender.

Miskien is dat wat foar in folgjende edysje fan ’e Taalatlas. Miskien soe derút komme dat yn it algemien manlju earder fine dat se wat goed oant hiel goed kinne as froulju. Miskien soe dat wat fan ’e persintaazjes ferklearje kinne dy’t ik fierderop neam.

Want, om dêr in foarskot op te nimmen: miskien stjoere manlju dêrom ek earder wat op nei in tydskrift en stjoere se earder in manuskript nei in útjouwer.

En kinst dy ek ôffreegje:

  • komme Fryske skriuwers fan ’e takomst nei foaren út dy 15,9% dy’t it Frysk no goed skriuwe kinne?
  • of kin ien út dy 93,1% fan no dy’t it Frysk goed ferstiet, de Gysbert Japicx-priis ek ea winne?13

De Fryske literatuer soe der grif hiel oars útsjen as alle bern yn Fryslân goed Frysk op skoalle leare soene.

Goed, wat konkreter, Ensafh is it iennige Frysk literêre tydskrift mei reguliere papier- en ynternetedysjes.

Ik haw bydragen teld fan froulju yn ’e Ensafh papieren edysjes fan 2020 en 2021, en ek it tal siden fan dy bydragen. Ik haw ek nei persintaazjes bydragen op ’e digitale Ensafh sjoen.

Yn 2020, wie it oanpart bydragen fan froulju yn ’e papieren Ensafh: 22%. (23 fan ’e 105)

Yn 2021, wie it: 21%. (16 fan 77)

Yn 2020 wie it oanpart yn tal siden troch froulju yn ’e papieren Ensafh: 17,5%. (51 fan ’e 292)

Yn 2021, wie dat: 17%. (48 fan 284)

As wy dizze persintaazjes ferlykje mei dy yn Knol har essay fan 1993, dan sjogge wy in lytse ferheging. Knol neamde foar Hjir, ien fan ’e foargongers fan Ensafh, in persintaazje fan 14% op syn heechst yn 1981.

Dat betsjut 3% winst yn 40 jier.14

De digitale Ensafh jiergongen 2020 en 2021 litte net in positiver byld sjen, wat bydragen fan froulju oanbelanget.

Foar 2020 bliuwt it persintaazje bydragen fan froulju hingjen op 6%.

Yn 2021 is it in bytsje heger, mar dat komt benammen troch de kollums, dêr’t skriuwers foar oansocht wurde en dy’t dan regulier (1x yn ‘e moanne) ferskine.

Benammen yn ‘e kategory poëzy is it ferskil grut.

Dichterskollektyf Rixt waard oprjochte yn 2018.15

It Kollektyf hat hast likefolle froulju as dielnimmer as manlju. It oanpart froulju is 47%. (25 froulju – 28 manlju)

By Rixt kin men spontaan ynstjoere, of reagearje op in oprop. Der is in redaksje dy’t de bydragen foarôf besjocht.

As men nei it tal bydragen fan froulju sjocht, dan sjocht men, fan 2018-2022:

bydragen fan froulju 73 – fan manlju 210’. (oanpart froulju = 26%)

Rixt hat ek in Dichter fan ‘e moanne (dêr kin men jin foar opjaan): froulju hawwe dat oant no ta 14x op har nommen – manlju 38x (oanpart froulju = 27%).16

Dat wat it Rixt Kollektyf oanbelanget.

Ik seach ek nei it persintaazje dichtbondels fan froulju yn ’e lêste fiif jier.17 Fan 2017-2022 beslacht dat persintaazje 24%. (15 fan ‘e 68)

Ferlykjend, Knol neamde 20% yn de perioade 1975-1984.

In ferheging fan 4% oer sa’n 40 jier. (1% yn 10 jier)

Opmerklik: fan Elske Kampen twa bondels!

Wat it takennen fan ’e Gysbert Japicx-priis oanbelanget, de foarnaamste priis foar Fryske literatuer: de priis is ynsteld troch de provinsje en is fan 1947 oant 1953 jierliks útrikt, dêrnei meast twajierliks.

Yn Knol har essay, neamt sy dat oant 1987, de Gysbert Japicx priis 23 kear útrikt waard, dêrfan 3 kear oan in frou. Dat is 13%.18

Sûnt 1987 is de Gysbert 13x oan in man en 1x oan in frou útrikt19 (jim sjogge har hjir links op ’e foto, sy debutearre trouwens op har 73ste mei poëzy!). Mar, 1 op 13 = 7%!

In ferlies fan 6% dus.

Yn ’e Hollânske literatuer waard yn 1985, ek fanwegen soksoarte persintaazjes by de PC Hooftprijs, de Anna Bijns-priis ynsteld foar literatuer fan froulju.

Soe it wat wêze om in literêre priis foar froulju yn te stellen yn ’e Fryske literatuer? Bygelyks, de Aggie van der Meer-priis?

Ik bin wol benijd hoe’t de froulju dy’t ik ynterviewe sil dêroer tinke.

Nei twa manlju, Eeltsje Hettinga en Nyk de Vries, is de tredde Dichter fan Fryslân in frou.

Mei Sigrid Kingma (1987) is it persintaazje froulju dat it amt ynfollet 33% yn de earste seis jier.

Opmerklik oan Kingma is dat se harsels ‘net in bondeldichter’ neamt. Se publisearret leaver op it ynternet en seit ek: ‘leaver in poadium as in bondel’.

Mei it each op dy taalfeardichheidssifers koe dat wolris in hiel goede ynstek wêze.20

As lêste kategory haw ik ek sjoen nei poëzydebuten:21

– debuten 1995-2007 (allinnich mei literêr karakter): 33 bondels, dêrfan 11 fan frou, 22 fan man (frouljusoanpart = 33%)

– debuten 2008-2022 (alles): 39 bondels /40 skriuwers: dêrfan 19 frou, 21 man (frouljusoanpart = 47,5%)

Dat lêste liket net sa raar. Dat miskien komt it allegear fansels wol goed.22

Fraach oan it publyk: wat hawwe de debuten op dizze dia mienskiplik?23

In fraach yn Skotlân nei de lêzing wie, hoe’t de sifers wiene by de spoken word artists yn Fryslân. En ik moast sizze: ik ken se net, myn yndruk is dat dy’t der mei oan ’e gong binne yn Fryslân, dy dogge dat yn it Nederlânsk.24

Konklúzjes

Positive útsjitters ûnder de froulju binne der wol.25 Mar der is ek in grutte publikaasje-efterstân ferlike mei wat de manlju de wrâld ynstjoere. Miskien is it yn ’e berneliteratuer oars. Dat haw ik net neigien. Yn ’e breedte is der dus noch in soad te winnen.

Hoe kin dat oanpakt wurde? Better Frysk ûnderwiis sawisa. Gewoan, om lokkiger Friezen (frou, man, of oars) te krijen, dy’t har fan jongsôf oan ek skriftlik uterje kinne yn har eigen taal.26

Moat der noch in literêre priis foar inkeld froulju komme, lykas de Anna Bijnspriis? Miskien kin der better in priisfraach foar spoken word artists yn it Frysk ynsteld wurde, miskien komme se der dan.

De 3% winst yn 40 jier tiid, fan 14% yn Hjir nei 17% yn Ensafh, yn tal siden fan froulju is net sa bemoedigjend. Op ’e digy fan Ensafh is it net better.

Ek by Dichterskollektyf Rixt oppenearje de froulju har folle minder as de manlju.

De delgong yn it persintaazje fan takennen fan de foarnaamste priis foar Fryske literatuer, de Gysbert Japicx, oan froulju is ek net bemoedigjend.

It persintaazje poëzybondels fan froulju yn ’e lêste fiif jier lit in ferheging sjen fan 4% oer 40 jier.

In positive trend is der by de debuten fan 1995-2022:

    • 1995-2007 oanpart froulju 33%
    • 2008-2022 oanpart froulju 47,5%27

Oan Aggie van der Meer kinne wy sjen dat it noait te let is om mei literêr skriuwen yn it Frysk te begjinnen. It kin altyd ek noch in Gysbert Japicx-priis opsmite.

Ik sjoch ik út nei it hâlden fan ’e ynterviews yn it kommend jier.

Tank foar jim oandacht

 

1 Koperative Utjowerij, Ljouwert.

2 Willem Abma, ‘De petearen fan Joop Boomsma’, Trotwaer, 1977, jiergong 9, s. 299.

3 Beide ynterviewers makken ek aktyf ûnderdiel út fan it literêre fjild dat se befregen. Miskien is dat in foardiel: men wit of soe witte kinne wat der ûngefear spilet.

5 Dy lêsten binne dan de skriuwsters fan dichtbondels yn eigen behear, dy’t amper of net yn ’e kranten en tydskriften besprutsen waarden.

6 Dy’t sa’t se sels yn ‘e Inleiding sizze: ‘…kozen voor een chronologische ordening met aandacht voor de belangrijkste literaire werken en hun makers.’ It boek, hoe breed ek, is ek wer in wize fan kanonisearring.

7 Koarte skiednis fan de Fryske literatuer. 800-hjoed,

8 Perioade net spesifisearre.

9 Aleid Truijens, ‘Het glazen plafond en het glazen muiltje, Over de mannelijke dominantie in de Nederlandstalige literatuur’, Ons Erfdeel, 2017, nr. 2 pp. 32-39.

10 It ynternet kaam krekt yn 1993 beskikber foar elkenien https://www.consumind.nl/tvinternetbellen/de-geschiedenis-van-het-internet.

11 Sûnder hokker hifkjen en easken fan in redaksje dan ek.

12 En dêrmei ek op dy fan de Fryske poëzy.

13 Of kin ien dy’t goed Frysk lêze kin en de ambysje hat om gedichten yn it Frysk te skriuwen ek út dy 52,4% útgroeie ta Frysk skriuwer? En kin immen út de 64,1% dy’t it Frysk goed praat him of har meidertiid ûntjaan yn ’e Fryske literatuer?

14 Yn it oanpart fan froulju yn tal siden yn dizze tydskriften.

15 As reaksje op ’e nominaasjeproseduere foar de earste Dichter fan Fryslân.

16 Dêr litte de froulju dochs wat lizze, soest sizze kinne.

17 www.tresoar.nl: Nij ferskynd wurk

18 4 froulju hawwe oant no ta de Gysbert Japicx priis takend krigen. De priis gie nei 32 manlju – twa fan harren wûnen sels twa kear! Takennen oan froulju komt dêrmei út op 10,5%. Dit persintaazje is dus mei 2,5% sakke yn 35 jier!

20 Mei in bondel berikst heechút de 52,4% dy’t goed Frysk lêze kin, op in poadium kinst de 93,1% dy’t it Frysk goed ferstean berikke.

21 Gegevens komme foar in part út it sjueryrapport Tammingapriis 2022 fan Teake Oppewal e.o..

22 Gemiddelde leeftiid froulju by debutearjen wie 51 jier / gemiddelde leeftiid manlju 49 jier. Dat is net in grut ferskil, mar foar debuten soest dat gemiddelde leaver wat omleech hawwe wolle.

23 Antwurd: se binne alle 4 fan froulju dy’t debutearren as tweintiger. (it binne ek de iennige 4 froulju dy’t as tweintiger debutearren yn dizze perioade, 5 manlju debutearren as tweintiger)

24 En Hein Jaap Hilarides yn it Biltsk, seach ik.

25 Bygelyks dy’t ik yn dizze lêzing neamd haw. Kinst der ek sa nei sjen: fan ’e publisearjende froulju is it persintaazje priiswinners gâns heger as fan ’e publisearjende manlju.

26 En sadat elk de literatuer fan tichteby, yn it Frysk, fan jongsôf oan meikrijt en dêr oan meidwaan kin.

27 De resepsje fan ’e dichtbondels haw ik noch mar hiel minimaal nei sjoen.

Ik bin ek wol benijd wat de dichteressen dêr sels fan fine.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *