De stimbus is iepen: bring no dyn stim út foar de Fryske top 100

© Omrop Fryslân
Wat is it favorite Frysktalige nûmer? Fan hjoed ôf kin elkenien wer in stim útbringe foar de list der listen, de Fryske top 100. Stimme op dyn favorite artyst kin oant en mei twadde krystdei fia www.frysketop100.nl.
As start fan de Fryske top 100 kinne minsken dizze hiele wike kâns meitsje op in húskeamerkonsert fan Fryske artysten. Piter Wilkens, Weima & vd Werf, Tjits, Carla de Bruine, De Kast, The Bounty Hunters en Grytz & Grize fersoargje de hiele wike yntime en smûke konserten middenyn de wenkeamer fan Friezen. Opjaan dêrfoar kin noch hieltyd hjir.
Jou dy op foar in Fryske top 100-húskeamerkonsert
Ferline jier wie it de alfde kear dat Gurbe Douwstra mei it nûmer Cliffs of Moher op it earste plak stie. Wa't it dit jier wurdt? Dat is folslein oan de minsken thús.
Stimme kin oant en mei twadde krystdei, dan wurdt wer tradisjoneel de finale stimdei organisearre by Omrop Fryslân. Eltse fyftichste stimmer makket ek nochris kâns op de unike Omrop Fryslân-sjaal.

Folgje de lansearwike op radio, telefyzje en online

De húskeamerkonserten fan de Fryske top 100 binne de hiele wike live te folgjen yn de radioprogramma's Fryslân fan 'e moarn, No derfoar! en Goeiemiddei!. Ek te sjen fia visual radio op telefyzje. Jûns fan 17.30 oere ôf is der ek in kompilaasje fan de dei te sjen op telefyzje.

Fryske muzyk yn de Steateseal

Mar der is mear. Yn de startwike fan de Fryske top 100 daget Willem de Vries fiif jonge, net-Frysktalige artysten út om harren moaiste oarstalige ferske yn it Frysk te bringen. Moonloops, Naduah, Kings of Diamonds, Simon Feenstra en Haitze sille harren nije Fryske ferzje foar de Fryske top 100 live bringe yn de Steateseal fan de Provinsje Fryslân.
De artysten krigen allegear in pear wiken de tiid om it Frysk te learen en fan 21 novimber ôf kinst alle dagen fan 17.30 oere ôf sjen hoe't dat ôfrint.