Oade en grêfrede foar de Lelyline op de Fedde Schurerlêzing

Fokkens hold har bydrage oan de Fedde Schurerlêzing yn it Frysk © Omrop Fryslân
Oer ien ding binne deputearre Avine Fokkens (VVD) en fraksjefoarsitter Sijbe Knol (FNP) it fan herte iens. It stribjen nei de Lelyline yn it ramt fan it Deltaplan foar it noarden wurdt grif ien fan de grutte striidpunten by de kommende ferkiezings foar Provinsjale Steaten.
Fierder leine de stânpunten fan de twa provinsjale politisy fier útinoar. Wylst Fokkens yn geef Frysk op de goed besochte Fedde Schurerlêzing ferklearre dat Fryslân de Lelyline nedich hat om de bern 'takomst yn Fryslân' te jaan en te foarkommen dat de fergrizing hjir dûbeld taslacht, hold Knol 'in grêfrede' foar Lelyline en it Deltaplan foar it noarden.
Neffens Knol hawwe de measte Friezen net folle belang by sa'n nije flugge spoarline. "70 persint fan de Friezen hat in mbû-diploma en wurket op in ôfstân fan sa'n 15 kilometer fan hûs. Dy hawwe foaral belang by goeie regionale ferbiningen, dy hearre je net oer in Lelyline." Knol pleitet der dêrom foar om it Deltaplan foar it noarden en de Lelyline 'gau te ferjitten' en de diskusje oer mobiliteit op 'e nij te begjinnen.

'Spoarferbining út de tiid fan Lincoln'

Fokkens lei op har beurt út dat de besteande spoarferbining oanlein is yn de tiid dat de presidint fan Amearika Abraham Lincoln hjitte. Dy spoarline is de ôfrûne heale iuw amper flugger wurden. Noch sterker: der binne faak steuringen en ûnderbrekkingen dy't de reis fan Ljouwert oer Zwolle nei stêden as Amsterdam en Rotterdam noch langer meitsje.
"Ik bin mem fan fjouwer en bern", sei Fokkens yn har taspraak. "Ik wol dat myn bern yn Fryslân wenjen bliuwe kinne as se dat wolle en ik wol se ek hjir takomst jaan. Dêrby past gjin spoarferbining út de tiid fan Abraham Lincoln."

Moai takomstperspektyf of winsk-tinken?

Fokkens sei yn har lêzing ek dat de Lelyline ek foar Fedde Schurer grif hiel handich west hie. Schurer waard berne yn Drachten, en wenne letter op 'e Lemmer, yn Amsterdam en op It Hearrenfean, allegearre plakken oan de spoarline.
De redenaasje dat sa'n nije spoarline in bedriging is foar it Frysk, wol Fokkens net oan. Fryske plakken dy't groeie kinne harren foarsjenningen better oereinhâlde en de jongerein takomst biede. Jongerein twinge om Fryslân te ferlitten foar wurk, is neffens Fokkens folle skealiker foar taal en kultuer.
Knol neamde it ferhaal fan Fokkens 'in fier takomstperspektyf mei in soad winsk-tinken'. "De fiere takomstperspektiven konfliktearje mei wêr't de minsken no ferlet fan hawwe. Dat spanningsfjild wurdt hieltyd grutter. Ik pleitsje der dêrom foar om de hiele diskusje op 'e nij te dwaan: fuort mei it deltaplan, fuort mei de Lelyline."
Harkje nei Avine Fokkens (VVD)
Omdat de Lelyline der net fuortendaliks leit, moat it Ryk wol ree wêze yn it oplossen fan knyppunten yn de besteande spoarferbining fan Ljouwert oer Meppel nei Zwolle, fynt deputearre Fokkens. Mar by de ferdieling fan de MIRT-jilden waarden de winsken fan de noardlike provinsjes foar it ferbetterjen fan de besteande spoarline net honorearre. Noch sterker, de noardlike provinsjes krigen mei har trijen noch gjin twa prosint fan de jilden dy't ferdield waarden. "Wy hawwe echt fierstente min krigen!", seit Fokkens dêroer.
Se giet fierder yn it Hollânsk: "Ik zat daarom de afgelopen dagen in Den Haag om met menig Kamerlid te praten. Op 28 november wordt over de begroting van het Meerjarenprogramma Infrastructuur Ruimte en Transport (MIRT) gesproken. Ik heb goede hoop dat er toch nog geld voor het bestaand spoor naar het noorden kan komen." Neffens Fokkens erkenne ferskate politike partijen dat de ferdieling fan de ynvestearringsjilden no 'net earlik' is.

"Wetter by de wyn dwaan"

Sijbe Knol is fan betinken dat de lobby fan it noarden foar de ynvestearringsjilden net goed west hat. Hy tinkt dat it noarden sa'n bytsje krigen hat, omdat der op 'twa hynders' wedde wurdt; én de oanlis fan de Lelyline én ynvestearrings yn de besteande spoarlinen fan Zwolle nei Grins en Ljouwert.
"Alles wurdt út SNN wei dien, it gearwurkingsferbân fan de noardlike provinsjes. Je moatte al wetter by de wyn dwaan om dêr wat op de aginda te krijen. Dat moat oars. Wy moatte eigen lobbyisten krije yn Den Haag en Brussel. Dan hawwe je rjocht fan praten."
Harkje nei Sijbe Knol (FNP)