Plysje hâldt twa Friezen oan yn ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel

De plysje socht ek by in garaazjeboks yn Ljouwert © Kappers Media
De plysje hat trije manlju oanholden yn in ûndersyk nei de produksje fan en ynternasjonale hannel yn ferdôvjende middels. De plysje hat ferskillende pannen yn Harns, Goutum, Ljouwert en Papendrecht trochsocht.
De oanholden mannen binne in 40-jierrige man út Harns, in 40-jierrige man út Goutum en in 41-jierrige man út Papendrecht. Se wurde derfan fertocht dat se harren dwaande holden hawwe mei ynternasjonale hannel en produksje fan ferdôvjende middels. De oppakte manlju meie allinnich kontakt hawwe mei harren advokaat.
De plysje slút net út dat der noch mear minsken oanholden wurde. It is net dúdlik wat de plysje oantroffen hat yn de trochsochte pannen. Yn de gebouwen is mei speurhûnen socht nei ferdôvjende middels en kontant jild.