'Ofslútdyk moat faker iepen foar fytsers: Sa lang hat gjin inkelde autodyk ea ôfsluten west'

It fytspaad is noch altyd ôfsluten © Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Fytse of kuierje op de Ofslútdyk yn dizze tiden fan grutte renovaasje moat faker mooglik wêze as no. Dat skriuwe belange-organisaasjes fan fytsers en kuierders yn in brief oan de Twadde Keamer.
It Fytsersbûn en it Fytsplatfoarm, it fytssportbûn NTFU en it bûn fan kuierders Wandelnet hawwe mei-inoar it brief opsteld. It skriuwen giet nei de fêste Keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat yn de Twadde Keamer.
Zo lang is geen enkele weg voor autoverkeer in Nederland ooit gesloten geweest vanwege werkzaamheden.
Esther van Garderen, Fietsersbond
De Ofslútdyk wurdt al jierren grut renovearre. It paad foar fytsers en kuierders is sûnt 2019 ticht. Neffens direkteur Esther van Garderen fan it Fytsersbûn is dat te lang. "Zo lang is geen enkele weg voor autoverkeer in Nederland ooit gesloten geweest vanwege werkzaamheden."

Yn 2023 ien dei iepen

De dyk mei takom jier simmer ien dei iepen foar fytsers en kuierders. Foar de oare dagen is der in fytsbus. Dy is en bliuwt fergees, ek nei it jier 2023, sa melde de organisaaasjes. It is net bekend hoe lang oft de ynset fan de fytsbus duorje sil, mar yn alle gefallen soe dat oant it jier 2025 wêze.
Yn 2024 wurdt it wol mooglik om de 24 kilometer tusken de Lorenzslûs en de Stevinslûs te fytsen of te kuierjen. Dêrfoar komme der twa ekstra bushaltes oan de Waadseekant. Fierder giet de iepenstelling fan de Ofslútdyk net, ta spyt fan de organisaasjes.

Rinbrêgen oer de sneldyk hinne

De organisaasjes wolle dat de iepenstelling foar fytser en kuierders takom jier fan ien nei fjouwer dagen giet. Fierders soene der ekstra bushaltes komme moatte. Yn kombinaasje mei twa nije rinbrêgen oer de A7 hoege fytsers en kuierders dan net mear stikken mei de bus ôf te lizzen.