Fûgelgryp fêststeld op plomfeebedriuw yn Koudum: 29.000 hinnen deamakke

Hinnen © Shutterstock.com
Op in plomfeebedriuw yn Koudum is fûgelgryp fêststeld. It giet om in bedriuw mei 29.000 hinnen. Om fersprieding fan it firus foar te kommen, wurde dy allegear ôfmakke.
Koudum leit yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn de 10-kilometersône om it besmette bedriuw hinne jildt no in ferfiersferbod. Der lizze sân oare plomfeebedriuwen yn dat gebiet, mar dy befine har net binnen de 3 kilometer om it bedriuw hinne.
Der mei ek net mear jage wurde op einen yn de 10-kilometersône en it is ferbean te jeien yn in gebiet wêryn't wetterfûgels fersteurd wurde kinne.