Menno Brouwer listlûker foar Partij voor de Dieren by Provinsjale Steateferkiezingen

Menno Brouwer mei stabij Iris © Eigen foto
Menno Brouwer út Burgum is de listlûker foar de Partij voor de Dieren by de kommende Provinsjale Steateferkiezingen. Brouwer is sûnt 2020 Steatelid foar de partij.
Frederique Kosse fan Easterein en Douwe van der Baan fan Warkum binne de nûmers twa en trije op de list. De kandidatelist is snein troch leden fan de partij fêststeld op harren kongres.
Ek de kandidatelist foar de wetterskipsferkiezingen is bekend. Ronnie Koop út Dokkum fiert dy list oan. Anne Johan Woudstra fan It Hearrenfean en Ernst Kleinhuis fan Langsweagen binne op dy list de nûmers twa en trije.